Los Angeles (rivier)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It streamgebiet fan de Los Angeles
De Los Angeles yn Los Angeles
Los Angeles yn Los Angeles

De Los Angeles is in 82 kilometer lange rivier yn Kalifornje, dy't ek troch de stêd Los Angeles rint. De rivier ûntspringt yn it westen fan de San Fernando Fallei yn Canoga Park en einiget by Long Beach yn de Stille Oseaan. De meast wichtige sydrivieren binne de Browns Canyon Wash, de Aliso Canyon Wash, Tujunga Wash, Burbank Western Channel, Verdugo Wash, de Arroyo Seco en de Rio Hondo. De rivier is kanalisearre en it bêd is foar in grut part fêstlein yn beton.

Foar de iepening fan it the Los Angelesakwadukt, wie de rivier de foarnaamste boarne foar fask wetter fan Los Angeles. Hoewol't Los Angeles en omkriten noch wol wetter út de rivier en oare pleatslike boarnen kriget, wurdt it measte wetter oer de ferskate akwadukten oanfierd. De rivier hat slim te lijen fan fersmoarging troch lânbou en rioelwetter fan de stêden.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De rivier wie al hûnderten jierren in boarne fan iten en drinken foar de Gabrielino-yndianen foardat de Spanjerts dêr kamen. De Gabrielinos wienen jager-samlers dy't meast fan fisk, lytse sûchdieren en ikels fan de oerfloedige ikebosken oan de rivier libben. Der wiene teminsten 45 Gabrielino-doarpen oan de Los Angeles, de measten yn de San Fernando Valley en Elysian Valley, yn wat no Glendale is. Gaspar de Portolà ferkende yn 1769 Alta California en neamde it El Río de Nuestra Señora La Reina de Los Ángeles de Porciúncula, dat betsjut: 'De Rivier fan Us Frou Keninginne fan de Ingelen fan Porciuncula.' Der waard nei ferwiisd as de Porciuncula.

De river wie oarspronklik in alluviale stream dy't frij streamde oer de flakte dêr't no Los Angeles, Long Beach, en oare plakken yn Súd Kalifornje lizze. De rin fan de rivier wie dreech te foarsizzen en de mûning feroare geregeldwei fan plak tusken Long Beach en Ballona Creek. Begjin 19e ieu draaide de rivier nei it súdwesten nei it ferlitten fan de Glendale Narrows, dêr't er by de Ballona Creek kaam en dêrnei yn de Santa Monicabaai mûne, yn it hjoedeiske Marina del Rey. By de katastrovale floed fan 1825, feroare de rin yn dy fan no, pal nei it suden justjes east fan it sintrum fan hjoeddeisk Los Angeles om út te kommen yn deSan Pedrobaai. (Foar de Grutte floed fan 1862 kaam de San Gabriel by Long Beach út yn de Los Angeles, mar dat jier foarme de San Gabriel in nij bêd, 6 km eastliker en mûnet sûnttiid yn de Alamitosbaai.)

Foar de iepening fan it the Los Angelesakwadukt, wie de rivier de foarnaamste boarne foar fask wetter fan Los Angeles, mar hie faak in lege wetterstân, útsein nei de winterrein. Net te foarsizzen en ferneatigjende oerstreamings pleagen de kontrei oan yn de jierren 30 fan de 20e ieu (de slimste wie dy fan 1938, dêrnei kaam de rop om maatregels om de rivier te bedimjen. De sjenytroepen setten útein mei in ambisjeus projekt om bêd en ouwers yn beton fêst te lizzen. Sûnt is it dien mei oersteamings nei swiere stjalprein. De iennichste parten fan de rivier dy't net folslein befluorre binne is it basin efter de Sepulvedadaam ûnder Van Nuys; in 5 km stik east fan Griffith Park, de saneamde Glendale Narrows en de lêste kilometers yn Long Beach.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]