Japansk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It Japansk (日本語, Nihongo) wurdt sprutsen troch ûngefear 127 miljoen minsken yn Japan en ymmigranten yn ûnder oare Brazylje, de Feriene Steaten en Perû.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It Japansk hat fjouwer dúdlike tiidrekken hân.

  • Ald-Japansk: It Japansk fan foar de 8e ieu
  • Ier-Japansk: It Japansk fan de 9e -11e ieu
  • Middel-Japansk: It Japansk fan de 12e -16e ieu
  • Modern-Japansk: It Japansk fan nei de 16e ieu

Relaasje mei oare talen[bewurkje seksje | edit source]

Der is gjin dúdlike relaasje mei oare talen. De Japanske grammatika fertoant noch de measte oerienkomst mei dy fan de Altaÿske taalfamylje. In protte taalkundigen tinke dan ek dat it Japansk in al hiel gau ôfsplitst lid is fan dizze groep en/of besibbe oan it Koreaansk. It soe ek in soarte prehistoaryske kreoaltaal wêze kinne, mei in Austronesysk substraat en in Altaÿsk superstraat.

Foar sprekkers fan bygelyks Turkske talen is it fanwege de sterke oerienkomst tusken de Japanske en de Altaÿske grammatika makliker om Japansk te learen as foar sprekkers fan Yndo-Europeeske talen. It Ald-Japansk liket klinkerharmony hân te hawwen, hoewol't dit net hielendal te bewizen is. De mieningen oer hoefolle lûden it Ald-Japans hie en hoe't dy har tot elkoar ferhâlden rinne útien. Oer it generaal wurdt oannomd dat it Moderne Japansk gjin lûdharmony (mear} hat.

It Japanske wurd foar "kofje" is koohii. Dit is in swerfwurd fan Arabyske komôf dat fia Nederlânske hannelers yn de Japanske wurdskat opnomd is.

It Japansk hat yn it ferline in hiel soad Sineeske lienwurden ymportearre, mar is tsjintwurdich lardearre mei oare en benammen Ingelske lienwurden.

Der binne ek pseudo-Ingelske wurden yn it Japansk, dus wurden dy't der wol Ingelsk útsjogge mar yn it Ingelsk sels hielendal net besteane, de saneamde wasei-eigo (和製英語). Bygelyks mai-kaa (my car) yn de betsjutting fan in eigen persoanlike auto. NG (no good) brûkt men om taboes/blunders oan te jaan (it Nederlânsk hat dit soarte pseudo-lienwoorden trouwens ek: oldtimer, stationcar). In nijsgjirrich foarbyld is hanbaagu en hanbaagaa, beide ôflaat fan it Ingelske hamburger, mar by it earste wurd giet it allinnich mar om it fleis en by it twadde om it fleis tusken it broadsje. Guon fan dizze wurden binne wer al yn it Ingelsk en oare talen oernomd, lykas karaoke, walkman en famikon (sjoch ek doublet).

En dan binne der noch inkele Nederlânske lienwurden yn it Japansk: biiru (< bier), torappu (< treppen), karan (<kraan).

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boot, W.J. & M. Kunimori & H. Van der Veere - Syllabus Moderne Japanse Teksten Deel I. Leien, 1992.