Desjima

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In kaart fan Desjima.

Desjima wie in lyts keunstmjittich eilân yn de haven fan Nagasaky yn Japan. It eilân wie fan 1636 oant 1641 in Portegeeske delsetting. Dêrnei wie it yn de tiid fan it Japanske sels-keazen isolemint (de sakoku) fan de Edo perioade, oant 1859, in Nederlânske hannelspost, of faktorij.

Namme[bewurkje seksje | edit source]

Desjima hat troch de ieuwen hinne in stik as wat nammen hân. Sa waard de namme wol skreaun as ‘t eylant Schisma. Mar ek de nammen Decima, Deshima of Dezima binne wol brûkt. De moderne Japanske namme foar it eilân is Dejima.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Desjima fan see, yn de 19e ieu.

It keunstmjittige eilân is boud yn 1634 op lêst fan de shogun Iemitsu. It wie ynearsten eins in akkomodaasje foar Portegeeske hannelslju dy’t libben yn Nagasaky. Mar nei dat de Kristlike populaasje hurd tanaam yn de regio Shimabara Amakusa waard troch it Tokugawa regear besletten om it Katolisisme te ferdriuwen. Dat barde ek troch it gedrach fan guon Spanjerts en Jezuïten dy’t de Japanske befolking besochten te bekearen ta it Kristlike leauwe. It Japanske regear waard der benaud foar dat de bekearde minsken in oaren as de Japanske keizer as lieder seagen. Dêrop waard besletten dat alle bûtenlanners harren eigen huzen yn de brân stekke moasten. Allinnich de Nederlanners, dy’t al sûnt 1600 yn Japan wienen en sûnt 1609 yn Hirado in hannelspost hienen, harken nei it befel en stienen by de rikjende huzen freonlik te wachtsjen op de shogun dy’t delkomme soe. Doe’t se him fregen hoe’t se no de winter trochkomme moasten waard besletten dat de Hollanners yn Japan bliuwe koenen. In oar wichtich punt is dat de Nederlanners sûnder gedoch de Japanners holpen yn de striid tsjin de Kristenen, ek omdat it om katoliken gie.

Dat de Nederlanners, dy’t oant dat stuit yn Hirado sieten, nei Desjima moasten kaam troch de bou fan inkele pakhuzen yn 1637 en 1639. Yn dy pakhuzen waarden de jiertallen, nei de kristlike jiertelling, yn de gevel set. Dat koe net neffens de Japanners, dêrop waarden de Nederlanners nei Desjima brocht.

Wol wienen der strange regels. De Nederlanners moasten op Desjima wenje en de kontakten mei Japanners waarden oant it needsaaklikste beheind.

Yn it hiele tiidrek oant 1853 wie Desjima it ienichste punt fan kontakt fan it keizerryk mei de wrâld dêrbûten. Der mochten altyd mar 20 Nederlanners op it eilân wêze en útsein in besyk oan de shogun yn Edo, om it heal jier, mochten sy net fan it eilân ôf. Boppedat wennen der op it eilân sa’n 200 saneamde dwerssjoggers, minsken dy’t de gefaarlike barbaren yn de gaten hâlde moasten.

De haven fan Nagasaky en Desjima

Nederlân hat mei it hannelsmonopoalje foar de Feriene Eastyndyske Kompanjy (FEK) goed fertsjinne, mar ek Japan hat in protte oan dy tiid oerhâlden. De Nederlânske skippen brochten boeken en oare ynformaasje mei nei Japan dy’t de minsken dêr de kâns joegen om mear oer de bûtenwrâld te learen. Under oare oer de Jeropeeske wittenskip. De Japanners dienen oan Rangaku, in soarte fan 'Nederlânkunde' en de oersette boeken waarden troch in protte Japanners lêzen.

De oanwêzigens fan de Nederlanners is ek in ûnderdiel fan de pleatslike folkloare wurden. Yn strjittefestivals yn Nagasaky waarden printsjes fan Nederlânske boaten, mei it read-wyt-blau, omdroegen. Yn de omkriten fan Nagasaky is der fierder ek in ferdivedaasjepark, Huis ten Bosch, mei Nederlân as ûnderwerp.

Yn de rin fan de tiid is it oarspronklike Desjima hast hielendal ferdwûn, troch bepolderjen wie it al lange tiid gjin eilân mear en de gebouwen op it eilân waarden foar it meastepart ôfbrutsen. Nei oanlieding fan de betinking fan 400 jier hannel tusken Nederlân en Japan yn [2000] is der in projekt ynsteld om it eilân wer yn syn âlde steat werom te krijen. Op it stuit binne al inkele gebouwen op wiere skeal neiboud, se dogge tsjinst as museum.

Libben op it eilân[bewurkje seksje | edit source]

Gûverneur Hendrik Doeff.

Sûnt 1641 waarden allinnich Sineeske en Nederlânske skippen yn Japan tastien. Op bestjoerlik nivo wie it eilân in part fan Nagasaky. De 25 lokale Japanske famyljes dy’t it ûnreplik guod yn it behear hienen barden geregeld belestingjild fan de Nederlanners.

Desjima wie in lyts eilân, 120 by 75 meter, en siet oan it fêstelân fêst mei in smelle brêge, dy’t oan beide kanten bewekke waard mei in hikke oan de Nederlânske kante. Op it eilân stienen pakhuzen en huzen foar de Nederlanners en Japanske opsichters. Neist opsichters hie Japan ek in protte oar personiel op it eilân om te rinnen. Al dy minsken moasten betelle wurde troch de FEK.

Lykas Nagasaky stie Desjima ûnder tasjoch fan Edo, troch in gûverneur.

Alle skippen dy’t yn Desjima oankamen waarden ynspektearre en fêsthâlden troch de Japanners oant it skip wer útfear. Religieuze boeken en wapens waarden ynnaam. Religieuze saken wienen ferbean op it eilân.

De FEK hat goed fertsjinne op Desjima mei winsten fan wol 50% of mear. Mar yn de 18e ieu waard de hannel minder, omdat mar twa skippen yn it jier op Desjima komme mochten. Nei it oer de kop gean fan de FEK naam de Nederlânske oerheid de hannel oer, mar dy krige it swier troch de oarloggen mei ûnder oare it Frankryk fan Napoleon. In skoft hat Desjima it ienichste stik lân op de wrâld west dêr’t de Nederlânske flagge hyst waard.

Hannel[bewurkje seksje | edit source]

It hûs fan de haadman fan Desjima yn 1780.

Yn it begjin waard der in protte yn side, katoen, medysk guod fan Sina en Ynje hannele, mar nei ferrin fan tiid waard de hannel yn sûker wichtiger. Ek hartehûden en haaiehûden waarden nei Japan brocht, lykas boeken, wittenskiplike ynstruminten en oar guod út Jeropa. De Nederlanners krigen der koper, sulver, kaanfer, porslein en rys foar werom.

Ek it personiel fan de FEK die oan hanneljen. Mear as 10.000 bûtenlânske boeken kamen yn de 18e en 19e ieu sa yn Japan, mei in grut ferskaat oan ûnderwerpen. Dy boeken hawwe de basis lein fan de Rangaku.

Skipoankomsten[bewurkje seksje | edit source]

Yn totaal hawwe tusken 1641 en 1847 606 Nederlânske hannelsskippen Desjima oandien.

  • Yn de earste perioade, fan 1641 oant 1671, wie alles relatyf frij, der kamen sa’n 7 skippen it jier oan, 12 wie it maksimum dat tastien waard.
  • Fan 1671 oant 1715, wienen it trochstrings 5 skippen it jier.
  • Fan 1715 ôf wienen it noch mar 2 skippen it jier. Fan 1790 oant 1799 waard dat werombrocht nei 1, dêrnei koenen der wer 2 skippen komme.
  • Yn de tiid fan de oarloch mei Napoleon waard der gebrûk makke fan boaten mei de Deenske en Amerikaanske flagge. Nederlânske boaten wienen doe net feilich foar de Britske boaten.
  • Nei dat Nederlân wer frij fan Frânsken wie waard de gewoane hannel wer oppakt.

Sakoku belied[bewurkje seksje | edit source]

Nederlanners dy't harren dwaande hâlde mei astronomy.

Twahûndert jier lang wie it foar de Nederlanners ferbean om fan Desjima nei Nagasaky te gean, foar Japanners wie it ferbean om nei Desjima te komme. Allinnich prostituees mochten der komme. Dy waarden troch de Japanners útkeazen, faak tsjin de sin fan de froulju yn. Fan de 18e ieu wienen der inkele útsûnderings op dy regel. Dat kaam troch nije ynsichten fan Tokugawa Yoshimune, dy’t graach hie dat de Jeropeeske wittenskippen ek yn Japan dien waarden. In stik as wat Oranda-yuki (dy’t by de Nederlanners bliuwe) wie it tastien foar langere perioaden by de Nederlanners te bliuwen, mar sy moasten ferslach útbringe by de Japanske wachter. Jeropeeske wittenskippers as Engelbert Kaempfer, Carl Peter Thunberg, Isaac Titsingh en Philipp Franz von Siebold wie it tastien om op de fêste wâl fan Japan te kommen. Stadichoan waard Desjima ferneamd troch hiel Japan hinne as in sintrum foar medisinen, militêre wittenskip en astronomy. In protte samûrai setten op Desjima ta foar de Nederlânkunde.

Nije yntroduksjes yn Japan[bewurkje seksje | edit source]

Badminton yn de strjitten fan Desjima.

De Nederlanners hawwe tal fan saken nei Japan brocht. Inkele foarbylden binne:

  • Badminton: In sport dy’t fan Ynje yntrodusearre waard yn 18e ieu.
  • Biljerte
  • Bier: De gûverneur Hendrik Doeff makke syn eigen bier yn Nagasaky. Letter waard it ferhannele mei de Japanners.
  • Kofje
  • Piano: Japans âldste piano waard yn 1823 troch Siebold oan in hannelsman kado dien. Tsjintwurdich stiet dy piano yn it Kumatani Museum.
  • Ferve: Waard brûkt foar skippen. De âlde namme fan ferve yn Nederlân, pik, wurdt tsjinwurdich ek yn Japan brûkt, Penki.
  • Wite koal en tomaten
  • Sûkelarje: Waard om 1800 hinne nei Japan brocht.

Nagasaky Marine treningssintrum[bewurkje seksje | edit source]

It Nagasaky Marine treningssintrum.

It Nagasaky Marine treningssintrum waard yn 1855 boud op befel fan de Shogun. It sintrum waard tichtby de yngong fan Desjima boud. Sa koe sa folle mooglik kontakt makke wurde mei Nederlanners en harren kennis op it mêd fan oarlochfiering op it wetter.

It sintrum waard ek útrist mei Japan syn earst steamskip, de Kankō Maru. De boat wie in kado fan Willem III oan de Japanners.

Rekonstruksje[bewurkje seksje | edit source]

In hjoeddeiske strjitte op Desjima.

Desjima waard yn 1857 sluten, neidat de Nederlânske hannelslju yn Nagasaky sels hannelje mochten. Sûnt dy tiid is it eilân stadichoan ynpoldere en midden yn Nagasaky belâne. Troch it herûntwerp fan de haven fan Nagasaky yn 1904 binne de grinzen fan it eilân ferlern gong. Tsjintwurdich binne de grinzen fan Desjima markearre mei klinkneilen.

Sûnt 1922 is it eilân in nasjonaal histoarysk gebiet. Yn 1953 waard begûn mei restauraasje, mar dat projekt is nea goed fan de grûn kaam. Yn 1996 waard op ‘e nij begûn mei restauraasje. Der waarden plannen makke foar it op ‘e nij bouwen fan 25 gebouwen nei model út it begjin fan de 19e ieu. Om de grinzen fan Desjima better oan te jaan waarden inkele parten fan de wâl fan it eilân werboud. Gebouwen fan de Meiji Perioade bleaunen wol stean.

Yn 2000, mei it 400-jierrich bestean fan de hannelsrelaasje tusken Japan en Nederlân, waarden inkele gebouwen oplevere, dêrûnder it gebou fan de haadman. Yn de maaitiid fan 2006 waarden de lêste saken ôfmakke.

Plannen foar de takomst sizze dat Desjima wer yn eilân wurde moat, om alle kanten fan it eilân moat wer wetter komme. Dat plan moat tagelyk útfierd wurde mei in grut projekt yn de omkriten fan Desjima. As it allegear trochsetten wurdt dan moat de Nakashima Rivier en in part fan de Rûte 499 omlaat wurde.

Tiidline fan Desjima[bewurkje seksje | edit source]

De Kankō Maru (fjoerskip). It earste steamskip fan Japan, dat kado dien waard troch Willem III.
In kaart fan Nagasaky yn 1764.
  • 1550: Portegeeske skippen komme yn Hirado.
  • 1570: De haven fan Nagasaky wurdt iepene foar hannel, seis stedswiken wurde boud.
  • 1571: It earste Portegeeske skip komt yn Nagasakys haven.
  • 1580: Omura Sumitada jout it bestjoer fan Nagasaky oer oan de Jezuïten.
  • 1588: Toyotomi Hideyoshi krijt de kontrôle oer Nagasaky fan de Jezuïten werom.
  • 1609: De FEK iepenet in faktorij yn Hirado. Dy giet ticht yn 1623.
  • 1612: It Japanske regear easket dat it Kristlike leauwe op Bakufu ferbean is.
  • 1616: Alle hannel mei de bûtenwrâld mei allinnich yn Hirado en Nagasaky barre. Allinnich Sina is fan dizze rigel frij.
  • 1634: De bou fan Desjima begjint.
  • 1636: Desjima is klear. De Portegezen komme op Desjima oan.
  • 1639: Portegese skippen meie net mear komme. De Portegezen moatte Desjima ferlitte.
  • 1641: De Feriene Eastyndyske Kompanjy komt fan Hirado nei Nagasaky.
  • 1649: Dútsk sjirurch Caspar Schamberger komt nei Japan.
  • 1662: In winkel op Desjima wurdt iepene, der wurdt Imari porslein ferkocht.
  • 1673: It Ingelske skip de Return komt nei Nagasaky, mar de boat wurdt net talitten foar hannel.
  • 1678: Der komt in nije, stiennen, brêge nei Desjima.
  • 1690: De Dútske arts Engelbert Kaempfer komt nei Japan.
  • 1696: Pakhuzen wurde boud op Desjima.
  • 1698: De Nagasaky Kaisho (hannelorganisaasje) wurdt stifte.
  • 1699: De See Poarte (poarte/haven) wurdt boud by Desjima.
  • 1707: Wetterpipen wurde op Desjima set.
  • 1775: Carl Thunberg start syn perioade as arts op Desjima.
  • 1779: Sjirurch Isaac Titsingh komt op Desjima foar syn earste perioade as haadman.
  • 1798: Tal fan gebouwen wurde fernield op Desjima by in grutte brân op it eilân.
  • 1804: De Russyske ambassadeur Rezanov komt nei Nagasaky om hannel tusken Japan en Ruslân foarelkoar te krijen.
  • 1808: It Phaeton Ynsidint hat plak.
  • 1857: Desjima wurdt sluten neidat de Hollanners ek yn Nagasaky hannelje meie.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Blomhoff, J.C., (2000). The Court Journey to the Shogun of Japan: From a Private Account by Jan Cock Blomhoff. Amsterdam
  • Blussé, L. et al., eds. (1995-2001) The Deshima [sic] Dagregisters: Their Original Tables of Content. Leiden.
  • Blussé, L. et al., eds. (2004). The Deshima Diaries Marginalia 1740-1800. Tokyo.
  • Boxer. C.R. (1950, 2nd. rev. ed. 1st ed.: 1936). Jan Compagnie in Japan, 1600-1850: An Essay on the Cultural Aristic and Scientific Influence Exercised by the Hollanders in Japan from the Seventeenth to the Nineteenth Centuries. Den Haag.
  • Caron, F. (1671). A True Description of the Mighty Kingdoms of Japan and Siam. London.
  • Doeff, H. (1633). Herinneringen uit Japan. Amsterdam. [Doeff, H. "Recollections of Japan" (ISBN 1-55395-849-7)]
  • Leguin, F. (2002). Isaac Titsingh (1745-1812): een passie voor Japan, leven en werk van de grondlegger van de Europese Japanologie. Leiden.
  • Nederland's Patriciaat, Vol. 13 (1923). Den Haag.
  • Screech, Timon. (2006). Secret Memoirs of the Shoguns: Isaac Titsingh and Japan, 1779-1822. London.
  • Siebold, P.F.v. (1897). Nippon. Würzburg e Leipzig.
  • Titsingh, I. (1820). Mémoires et Anecdotes sur la Dynastie régnante des Djogouns, Souverains du Japon. Paris.
  • Titsingh, I. (1822). Illustrations of Japan; consisting of Private Memoirs and Anecdotes of the reigning dynasty of The Djogouns, or Sovereigns of Japan. London.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Commons Commons: Dejima – foto, fideo en harktriemmen
Symbol support vote.svg