Arend Hauer

Ut Wikipedy
Arend Hauer
akteur
Arend Hauer yn de telefyzjerige Vrouwtje Bezemsteel (1965)
Arend Hauer yn de telefyzjerige Vrouwtje Bezemsteel (1965)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 14 septimber 1909
berteplak Utert
stoarn 27 jannewaris 1985
stjerplak Skiermûntseach
offisjele webside
gjin

Arend Hauer (Utert, 14 septimber 1909 - Skiermûntseach, 27 jannewaris 1985) wie in Nederlânsk akteur.

Hauer wie benammen warber op it mêd fan amateurtoaniel. Dêrneist spile er ek yn in stikmannich telefyzjesearjes. Hy wie belutsen by de Nederlânske Amateur Toaniel Uny en joech ek toanielles. Hauer wie boaske oan de aktrise Teunke Mellema (1906-1979), tegearre spilen sy noch yn 1975 yn de searje Oorlogswinter. Hauer en syn frou binne de âlden fan akteur Rutger Hauer (1944-2019).

Yn 2001 krige de haadpris fan de Nederlânske Teater4daagse de namme Arend Hauer Theaterprijs, fanwege syn krewearjen foar de ûntjouwing fan it amateurteater.[1]

Rollen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1936: Van 8 tot 12 is vier uur, harkspul
  • 1940: Hamlet, teaterstik, as Horatio[2]
  • 1949: Hamlet, teaterstik, as de Geast
  • 1963-1964: De Duivelsgrot, telefyzjerige as professor Librock
  • 1970-1972: De kleine waarheid, telefyzjerige, as pastoar
  • 1975: Oorlogswinter, telefyzjerige

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haadprizen Teater4daagse
  2. Hamlet performances