Max von Sydow

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Von Sydow yn 1992
Max von Sydow, 2005

Max Carl Adolf von Sydow (Lund, 10 april 1929) is in Sweedske akteur en filmregisseur. Hy is ek Frânsk boarger sûnt 2002. Hy hie glânsrollen yn in protte films en byrollen yn tsientallen oaren. Von Sydow hat meidien yn films yn tal fan spraken, sa as, Sweedsk, Ingelsk, Italjaansk, Dútsk, Deensk en Spaansk.

Max von Sydow waard troch de films fan Ingmar Bergman ynternasjonaal ferneamd; it smiet moaie karakterrollen foar him op, al hat er faak de rol fan 'minnen ien' tawiisd krigen. Dat hie eat te krijen mei de wat strange útstrieling fan syn antlit. Fral yn Amerika hat dat lêste him wolris opbrutsen.

Syn grutste sukses hie er met kwaliteitsrollen yn de films Hawaii (1966) en The Exorcist (1973); foar beide rollen krige er in Golden Globe-nominaasje. Mei de troch himsels regissearre film Katinka (Ved vejen, 1988), fertsjinne Von Sydow de Guldbagge Best Director Award.

Persoanlik[bewurkje seksje | edit source]

Op 1 augustus 1951 troude von Sydow mei aktrise Kerstin Olin, by wa't er twa soannen hat, Claes en Henrik. Dizze bern dienen mei him mei yn de film Hawaii. (Yn de film spylje sy Abner Hale's (Von Sydow) soan op ferskillende âldens.) Yn 1996 giene Olin en von Sydow út elkoar.

Von Sydow boaske dêrnei mei de Frânske filmmakster Catherine Brelet op 30 april 1997 yn de Provence; sy hawwe twa soannen, Yvan en Cedric. Hy wennet op't heden mei syn frou yn Parys en follet syn tiid mei lêzen, harkje nei muzyk en túnkjen. Hy is sûnt 2002 Frânsk én Sweedsk steatsboarger.

Filmografy[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]