Fridtjof Nansen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Fridtjof Nansen (1930)
De 'Fram' fêst yn it iis
Nansen (lofts) en Johansen op Kaap Flora nei harren tocht oer it pakiis.

Fridtjof Wedel-Jarlsberg Nansen (Store Frøen (Oslo), 10 oktober 1861 - Lysaker (by Oslo), 13 maaie 1930) wie in Noarske ûntdekkingsreizger, wittenskipper en diplomaat.

Nansen studearre biology oan de Universiteit fan Oslo, mei soölogy as spesjalisaasje. Hy makke syn earste reis nei de seeën om Grienlân hinne yn 1882 en stiek yn 1888-1889 op skys it Grienlânske lâniis oer. Yn 1893 farde er de kant út fan de Noardpoal yn de 'Fram', in spesjaal foar dat doel boud skip mei in tige sterke ôfrûne romp. It skip is letter ek brûkt troch Roald Amundsen foar syn ekspedysje nei Antarktika. Doe't dúdlik waard dat mei de 'Fram' de poal net berikt wurde koe, gie er tegearre mei Fredrik Hjalmar Johansen (1867-1923) op fuotten fierder nei it noarden, en berikte 86° 14' N. Sa ticht by de geografyske poal wie doe noch gjin minske west. De twa manlju waarden twongen te oerwinterjen en moasten oerlibje fan walfiskblabber en iisbearefleis. Op Frâns Jozeflân waarden hja úteinlik rêden troch in Britske ekspedysje.

Nansen wie heechlearaar yn de soölogy en oseanografy oan de Universiteit fan Oslo. Hy waard letter ambassadeur foar Noarwegen yn Londen (1906-1908).

Nei de Earste Wrâldkriich krige Nansen in hege funksje by it doe krekt oprjochte Folkebûn, de foarrinner fan de hjoeddeiske Feriene Naasjes. Hy waard op 27 juny 1921 Hege Kommissaris foar de Russyske Utwykten, dy't har dwaande hâlde mei tûzenen flechtlingen dy't Ruslân ferlitten hiene nei de Russyske Revolúsje. Dizze organisaaje, de High Commission for Refugees wie in inisjatyf fan Nansen sels en wie de earste ynternasjonale op dat gebiet. Nei de Russen waarden fan 1923 ôf ek de Armeenjers holpen doe't dy út Turkije ferdreaun waarden.

Foar it him bekroadzjen om it lot fan flechtingen waard him yn 1922 de Nobelpriis foar de Frede takend. It doetiids troch it Folkebûn ynfierde Nansenpaspoart, de foarrinner fan it Frjemdlingepaspoart, is nei him neamd. It wurdt jûn oan erkende flechtlingen dy't gjin reisdokumint fan it ûntflechte lân ta harren foldwaan hawwe.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

De Flechtlingeorganisaasje fan de Feriene Naasjes (UNHCR) rikt alle moannen in priis út, de Nansen Refugee Award, neamd nei Nansen.

Publikaasjes (û.o.)[bewurkje seksje | edit source]

  • Paa ski over Grönland, útjouwerij Kristiania (1890)
  • Eskimoliv, útjouwerij Kristiania (1891)
  • Fram over Olhavet, 2 dln., útjouwerij Kristiania (1897)
  • What I believe, útjouwerij Forum, New York (1929)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]