Olympyske Winterspullen 1952
| VIe Olympiade | ||||
| Flagge fan Noarwegen | ||||
| Hâlden yn | Oslo, Noarwegen | |||
| Jier | 1952 | |||
| Dielnimmende lannen | 30 | |||
| Dielnimmende atleten | 694 | |||
| Eveneminten | 22 yn 6 sporten | |||
| Iepeningsseremoanje | 14 febrewaris | |||
| Slutingsseremoanje | 25 febrewaris | |||
| Edysjes | ||||
| Foarige edysje | 1948 Sankt Moritz | |||
| Folgjende edysje | 1956 Cortina d'Ampezzo | |||
|
||||
De Olympyske Winterspullen 1952, ek wol de VIe Olympiade neamd, waarden yn 1952 yn Oslo, Noarwegen hâlden. Dat wie fan 14 oant en mei 25 febrewaris.
Ynhâld |
Akkommodaasjes [bewurkje seksje]
| Akkommodaasje | Lokaasje | Sport (en) | Kapasiteit |
|---|---|---|---|
| Bislett stadion | Oslo | Bandy (demonstraasje), Keunstriden, Reedriden | 29,000 |
| Dælenenga idrettspark | Oslo | Bandy (demonstraasje), Iishokky | Net neamd. |
| Holmenkollen National Arena | Oslo | Skyrinne, Noardske kombinaasje, Skânsspringen | 150,000 |
| Jordal Amfi | Oslo | Iishokky | 10,000 |
| Kadettangen | Bærum | Iishokky | Net neamd. |
| Korketrekkeren | Oslo | Bobslydzje | Net neamd. |
| Lillestrøm stadion | Skedsmo | Iishokky | Net neamd. |
| Marienlyst stadion | Drammen | Iishokky | Net neamd. |
| Norefjell | Krødsherad | Alpineskye (delgong), Alpineskye (grutte slalom) | Net neamd. |
| Rødkleiva | Oslo | Alpineskye (slalom) | Net neamd. |
| Bislett stadion | Oslo | Iepening en sluting seremoanjes | Net neamd. |
Sporten [bewurkje seksje]
Op de Spullen fan 1952 stiene fjouwer sporten op it programma en 22 ûnderdielen ferdield oer 8 dissiplines. Bandy wie de ienichste demonstraasjesport.
Medaljes [bewurkje seksje]
Medaljespegel [bewurkje seksje]
| Plak | Lân | NOK | Totaal | |||
|---|---|---|---|---|---|---|
| 1 | Noarwegen | 7 | 3 | 6 | 16 | |
| 2 | Feriene Steaten | 4 | 6 | 1 | 11 | |
| 3 | Finlân | 3 | 4 | 2 | 9 | |
| 4 | Dútslân 1 | 3 | 2 | 2 | 7 | |
| 5 | Eastenryk | 2 | 4 | 2 | 8 | |
| 6 | Kanada | 1 | 0 | 1 | 2 | |
| Itaalje | 1 | 0 | 1 | 2 | ||
| 8 | Grut-Brittanje | 1 | 0 | 0 | 1 | |
| 9 | Nederlân | 0 | 3 | 0 | 3 | |
| 10 | Sweden | 0 | 0 | 4 | 4 |
1Alhoewol't alle Dútske dielnimmers út West-Dútslân kamen, die neffens it YOK "Dútslân" mei en net "West-Dútslân". By de trije folgjende edysjes kaam in mienskiplike ploech yn aksje mei dielnimmers út de beide Dútslannen.
Dielnimmende lannen [bewurkje seksje]
Tritich lannen diene mei oan de Spullen, in rekord oant dan ta. Harren debút makken Nij-Seelân en Portegal. Dútslân en Japan wiene wer wolkom. Austraalje die ek wer mei. Yn ferliking mei de foarige edysje ûntbrutsen Lychtenstein, Turkije en Súd-Korea. It Dútske NOK, lykas dat foar de Twadde Wrâldkriich bestie, bestie noch hieltiten en wie noch net splitst yn in West- en East-Dútsk NOK. Dat soe pas fan 1968 ôf it gefal wêze. Oant dy tiid kaam in feriene Dútske ploech yn aksje. Yn 1952 ûnder de namme "Dútslân" en dêrnei as "It Dútsk ienheidsteam". East-Dútslân woe yn 1952 net yn in feriene Dútske ploech meidwaan wêrtroch't de ploech allinne bestie út West-Dútsers.
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1952 Winter Olympics fan Wikimedia Commons. |
| Olympyske Spullen | |
|---|---|
| Simmerspullen | Atene 1896 | Parys 1900 | Saint Louis 1904 | Londen 1908 | Stokholm 1912 | Antwerpen 1920 | Parys 1924 | Amsterdam 1928 | Los Angeles 1932 | Berlyn 1936 | Londen 1948 | Helsinky 1952 | Melbourne 1956 | Rome 1960 | Tokyo 1964 | Meksiko 1968 | München 1972 | Montreal 1976 | Moskou 1980 | Los Angeles 1984 | Seoul 1988 | Barselona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janêro 2016 | |
|
| Winterspullen | Sjamoniks 1924 | Sankt Moritz 1928 | Lake Placid 1932 | Garmisch-Partenkirchen 1936 | Sankt Moritz 1948 | Oslo 1952 | Cortina d'Ampezzo 1956 | Skwa Valley 1960 | Innsbruck 1964 | Grenoble 1968 | Sapporo 1972 | Innsbruck 1976 | Lake Placid 1980 | Sarajewo 1984 | Kelgery 1988 | Tignes-Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Fankoever 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | |
|
| wizigje | |