Noardburgum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Noardburgum
Flagge fan Noardburgum Wapen fan Noardburgum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Noardburgum
Gemeente Tytsjerksteradiel
Ynwennertal (2006) 2351
Webstee http://www.noardburgum.nl


Noardburgum (Offisjeel Frysk) is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel mei likernôch 2.351 ynwenners (2006).

Lykas de namme al aanjout leit Noardburgum benoarden Burgum, tusken Ljouwert en Grins oan de N355, east fan Hurdegaryp.

Noardburgum is yn e 19e ieu ûntstien tusken de Burgumer Heide en Haersma's Bosk. It wie part fan it doarp Burgum, oant it yn 1930 in selstannich doarp waard. Yn de njoggentiger jierren fan de 20e ieu is it tal fan ynwenners hurd tanaam, en dêrmei is Noardburgum nei ynwennertal it fjirde doarp fan Tytsjerksteradiel wurden.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Mienskip

Der is in feriening foar Doarpsbelang dy't gearkomt yn doarpshûs De Balstien. De Oerstek en Immanuel binne de beide basisskoallen fan it doarp en Krobbenêst it pjutteboartersplak. De stifting Feestkommisje '50 soarget foar festiviteiten. Tsien kear yn't jier ferskynt doarpskrante "Heidepraat". Nij Toutenburch is it fersoargingshûs oan de Simmerwei.

[bewurkje seksje] Ferienings

[bewurkje seksje] Strjitten

Alle strjitten yn Noardburgum.

[bewurkje seksje] Iepenbier ferfier

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen