Aldhoarne

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Aldhoarne
Himrik fan  Aldhoarne
Gemeente It Hearrenfean
Gritenij Skoatterlân
Stimmen 16
Ynwenners (2010) 854
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 6° 4' NB, 52° 57' EL
Netnûmer 0513
Postkoade 8413
Webstee www.oude-nieuwehorne.nl


Aldhoarne (Oudehorne) is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean, noardeastlik fan Nijhoarne oan de N380. Der is lintbebouwing oan de Skoatterlânskewei, dy’t benoarden De Tsjonger east-west rint.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De âldste spoaren fan bewenning binne fûn op de Kiekenberch (+8m.), in droech plak yn de Tsjongerfallei. Hoarne komt fan ‘’herne’’ in útspringende punt yn it gebiet fan de bochtige Tsjonger of it komt fan in âld sydriviertke fan de Tsjonger. Der binne dêr ek Romeinske munten fûn.
Yn in dokumint fan 1315 is praat fan de kapel fan "Hoerna", fallend ûnder de katolike tsjerke fan Aldeboarn. Op in kaart fan 1718 wurdt skreaun oer ‘’Oude Horn’’.
Yn de 17e ieu en de 18e ieu is tusken de Skoatterlânske Kompanjonsfeart en De Tsjonger ek turf ôfgroeven. De measte minsken yn dizze streek wiene doe oant de 20e ieu meast bouboeren, nei de opkomst fan de suvelyndustry ek feehâlderij. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1934 makke it doarp, krekt as it susterdoarp Nijhoarne diel út fan de gemeente Skoatterlân. Doe waarden de gemeenten Skoatterlân, Aenjewier en in diel fan Haskerlân gearfoege.

lizzing Aldhoarne

Gea[bewurkje seksje | edit source]

It lânskip bestiet út lân en houtwâlen. Tichtby lizze de natuergebieten Lytse en Grutte Kiekenberch en wat fierder de Ketlikerheide en Ketlikerskar. De fûgel- en natuerbeskermingswacht is ûnôfhinklik mar wurket wol safolle mooglik gear mei it Bûn fan Fryske Fûgelwachten en It Fryske Gea. Under Aldhoarne leit de Tolhiksbosk.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

  • De doarpskrante hjit De Hoarnekrite.
  • It doarpshûs fan Aldhoarne hjit De Kiekenhof

Flaaielfeest[bewurkje seksje | edit source]

De lêste sneon yn septimber wurdt it Flaeijelfeest hâlden, It is in tradysjoneel rispinge en terskfeest.

Joppe Festival[bewurkje seksje | edit source]

De tredde wike fan augustus wurdt it Joppe Festival holden, in jierliks rockfestival yn de Tsjongerfallei.' Joppe' is âld-Nederlânsk en betsjut 'fertier' en 'yn oarder'. It Joppe Festival is yn 1996 begûn as in eksamenfeest.

Sint Thomaslieden[bewurkje seksje | edit source]

klokkestoel Aldhoarne

Op it begraafplak stiet in klokkestoel. Hjir wurdt tusken 21 desimber en Nijjier, tagelyk mei Mildaam it Sint Thomaslieden hâlden. De twa klokken yn it klokhuis, dy’t yn 1942 troch de Dútsers foardere binne, wienen fan 1617 en 1763. Fan folkloare is it wurden ta in wedstryd foar de wat âldere jeugd. It lieden hat te krijen mei de hillige Thomas, synnammedei is 21 desimber. It doel wie om de boaze geasten dy't foar it tsjuster oerdeis soargje, te ferjeien. Mei it lieden fan de klokken wurdt besocht it ljocht werom te krijen.

Ferieningen[bewurkje seksje | edit source]

  • Yn 2004 is begûn mei it opsetten fan de stifting Doarpsargyf. Hjir wurdt alles sammele wat mei Ald- en Nijhoarne te krijen hat.
  • Lyts Bigjin – iisclub. Oprjochte sa. 1897
  • It sjongkoar Jan de Roas Sjongers is neamd nei Jan de Roos.
  • De Vrije Fries - muzyk
  • Pleatslik Belang
  • De Kiekenhof – biljertferiening
  • Stifting De Nije Kompanjons hat warber west om te foarkommen dat de Kompanjonsfeart tichtsmiten waard. De feriening set him no yn om de Turfrûte te ferbetterjen en te promoaten.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

1954 1959 1964 1969 1973 2004 2005 2006 2007 2008 2009 2010
1133 1138 1102 978 950 850 854 865 878 864 855 854

Strjitten yn Aldhoarne[bewurkje seksje | edit source]

De strjitten fan Aldhoarne.

Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Line fan Qbuzz:

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]