Suwâld

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Suwâld
Flagge fan Suwâld Wapen fan Suwâld
Flagge Wapen
Lokaasje fan Suwâld
Gemeente Tytsjerksteradiel
Ynwennertal (2006) 622
Webstee http://suawoude.dewebwereld.nl
de himrik fan Suwâld
Tsjerke Suwâld

Suwâld is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel, súd fan Hurdegaryp en tsien kilometer súdeastlik fan Ljouwert op de râne fan de Fryske Wâlden. It doarp hat likernôch 622 ynwenners (2006). De bewenners wurde ek wol 'kaäniten' neamd.

De namme komt fan suderwâld. It streekdoarp is ûntstien op in lange smelle sânrêch bewesten de Wide Ie. Oan beide kanten fan de sânrêch lei leechfean. It doarp komt al as Suethawald foar yn 1328 en as Zuwawald yn 1419. Yn de 12e ieu moat der al in tsjerkje stien hawwe.

Suwâld hat de earste sinnepont fan'e wrâld, dizze pont meit de namme 'Schalkediep' fart oer it Prinses Margrietkanaal en wurdt in soad brûkt troch fytsleafhawwers. Yn it simmerseizoen fart hy alle dagen fan 11 oere oant 20.30 oere, sneins oant 18 oere. Oan it Prinses Margrietkanaal is in jachthaven foar passanten.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Suwâld hat in aktyf ferieningslibben, boppedat wenje der ferskate keunstners mei in eigen atelier dy't op ôfspraak besjoen wurde kinne. Yn de buorren fan it doarp stean de koartlyn restaurearre tsjerke, doarpshûs de Suderfinne mei de jeugdsoas It Pypke en de basisskoalle Dûbel-Ien. De doarpskrante hjit Mei Inoar.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

  • Toanielselskip Suwâld
  • Gezellig Samen zijn - skake en damje
  • Keu's genoeg - biljerte
  • Pypkesjongers - Shantykoar
Sportferienings Suwâld

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Alde Lunewei, Aldemiede, Daniel Bouweswei, De Warren, Ds Oosterhuisstrjitte, Ds Pelstrjitte, Heechhiem, Louwsmarwei, Monnikenwei, Mostermûne, Noarderein, Symen Halbeswei, Suderein, Tsjerkebuert,.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]