Petrus Overney

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Pieter Izaäk Overney (Suwâld, dêr doopt 1603 - Ljouwert, nei 1711) wie in brûnsjitter (klokkejitter) út Ljouwert yn de 17e ieu.

Yn 1663 boaske er mei Cathalijntje Feyckens út Ljouwert en yn 1671 mei de widdo fan Jurjen Balthasar, Elske Folraets, ek út Ljouwert. Yn dat jier folge hy Balthasar op yn de saaak, en krijt datselde jier fan de Fryske Steaten it allinnerjocht ta it meitsjen fan klokken yn Fryslân.

[bewurkje seksje] Wurk

Keramykmuseum It Princessehof yn Ljouwert hat in fizel fan him út 1692. Der hingje klokken fan him yn Hijum (1670), Loaiïngea (1670) Tsjalbert (1670), Hitsum (1671), Aldtsjerk (1671), Jelsum (1671), Kûbaard (1677), Boalsert (1680), Ljouwert (1680), Warten (1680), Himpens (1681), Sleat (1681), Harich (1682/1683), Langwar (1683), Hylpen (1683/1685), Harns (1684), Nes (Dongeradiel) (1686), Hoarnstersweach (1688), Ljouwert (1689), Terwispel (1694), Wergea (roomske tsjerke, 1694), Idzegeahuzen (1696), Drylts (1700), Poppenwier (1700), Easterbierrum (1709), Mitselwier (1711) en Wyns (1711).

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Overney, Petrus.
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels