Mûnein

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Mûnein
Flagge fan Mûnein Wapen fan Mûnein
Flagge Wapen
Lokaasje fan Mûnein
Gemeente Tytsjerksteradiel
Ynwennertal (2006) 701
Webstee http://www.munein.nl

Mûnein is in doarp yn it noarden fan de gemeente Tytsjerksteradiel, east fan Oentsjerk yn de Trynwâlden. It doarp hat likernôch 701 ynwenners (2006). It doarp krige syn namme troch in mole dy't der yn 1611 al stie.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Oant 1948 wie Mûnein in part fan Oentsjerk. Op fersyk fan Doarpsbelang yn 1948 krige Mûnein yn 1948 de doarpsstatus en kaam los fan Oentsjerk. Op 21 augustus 1948 wurdt der troch Doarpsbelangen in oanfraach yntsjinne om fan "Molenend" in selsstannich doarp te meitsjen. B&W fan Tytsjerksteradiel wolle it fersyk wol ynwilligje, omdat Mûnein in eigen, frij grutte buorren hat, fierder in skoalle, in kafee en ferskate ferienings hat. Oant dan wie it wenst dat de doarpsstatus jûn waard oan plakken mei in tsjerke en dat hie Mûnein net. Omdat der wol in kafee, in skoalle en ferienings wienen waard de status dochs ferliend troch Tytsjerksteradiel op 8 oktober 1948. Wyls is ek útsocht dat der gjin histoaryske nammen om it doarp binne wêrfan de namme oan it nije doarp Molenend jûn wurde kin. Der wurdt advisearre om by de nije namme Molenend (Frl.) te skriuwen of (by Oentsjerk), want der binne yn Nederlân 14 buorskippen of útbuorrens dy't Moleneind hjitte, wêrfan tolwe yn Noard-Brabân, ien yn Gelderlân en ien yn Noard-Hollân. Boppedat is der yn Drachten in buert dy't Moleneind hjit.

[bewurkje seksje] Flagge en wapen

Yn in grien wapenflak stiet in stellingmole fan sulver, dêr't de wjukken as fan in andreaskrús steane. De flagge fan Mûnenein jout troch syn flakferdieling de wjukbewegings oan mei acht stikken grien en wyt.

[bewurkje seksje] Flaaksfabryk

Arbeiders yn de flaaksbewurking by Mûnein, 1900

Theodorus Marius Theresius van Welderen Baron Rengers fan Heemstrastate die de oanset ta in flaaksfabryk. Hy wie lid fan de kommisje Door Arbeid tot Verbetering, dy't oprjochte wie troch syn heit, Wilco Julius. Op 6 maaie 1898 wurdt der by de gemeente Tytsjerksteradiel in oanfraach yntsjinne om in fabryk te bouwen yn de buert fan de Swarte Broek, in marke by Mûnein. Sa komt it earste fabryk fan de "N.V. Friesche Maatschappij van Vlasindustrie" der, de namme kaam yn kleurige dakpannen op it dak te stean en op de foargevel, dêr't er noch te lêzen is. De lokaasje Swarte Broek waard keazen omdat it flaaks earst rotte wurde moast yn it trochgeande wetter. De iepening wie op 24 novimber 1898 mei J.J. Westra as direkteur. directeur werd de heer J.J. Westra. It fabryk hat tsjinst dien oant 24 april 1967 De restaurearre skoarstien en it byld fan Gosse Dam op it pleintsje by de klok yn de buorren ferwize noch nei de tiid fan de flaaksbewurking. It Thomashûs is in hûs foar gehandicapten en sit yn de eardere flaaksfabryk oan de Swarte Broek en is troch de hege skoarstien fan fierôf te sjen.

[bewurkje seksje] Siameeske twilling

Mûnein rekke yn 1953 bekend troch de berte fan de siameeske twilling Folkje en Tjitske de Vries, berne op 8 novimber 1953. Doarpsdokter Wijthoff fan Frisiastaete kaam by frou de Vries dy't har sânde bern krije soe die bliken dat de poppen mei de búk oan elkoar fêst sieten. Se wurde yn in âld taksy nei it Diakonessehûs yn Ljouwert riden. De poppen groeie goed en blike eigen herten, longen en oare fitale organen te hawwen. Se wienen kwa lichemsfunksjes net ôfhinklik fan elkoar. Der waard oerlein mei in Ingelske dokter dy't ûnderfining hie mei in siameeske twilling. Sân moanne nei de berte, op sneon 12 juny 1954 wurdt de twilling mei súkses operatyf fan elkoar skieden. Se wienen de earste siameeske twilling wêrmei't dat yn Fryslân en Nederlân barde. It berjocht gie de hiele wrâld oer. De sikehúspredikant dy't oan it bêd kaam wie de heit fan lettere skriuwer Geert Mak. Tjitske en Folkje wurde noch lang folge troch de parse mar der wurdt besluten om mar ien kear yn it jier in foto meitsje te litten.

[bewurkje seksje] Monumint

Oan de Halligen stiet in monumint fan Jan Faber dat de Skandinavyske lannen Noarwegen, Sweden en Finlân foarmet. De stiennen dy't allegear yn it streamgebiet fan de Bouwepet fûn binne, binne samle troch Jan Faber sels. Se lizze allegear op harren oarspronklike plak yn it lân fan werkomst. De iepening fan it monumint betsjutte tagelyk de ôfsluting fan de Ruilferkaveling.

[bewurkje seksje] Mienskip

Kafee Mûnehoekje

Doarpsbelangen Mûnein/ Readtsjerk is oprjochte op 17 april 1926, yn 1941 kaam Readtsjerk by de feriening. De Mounestien is it doarpshûs, de iepenbiere basisskoalle hjit It Kruirêd.

[bewurkje seksje] Ferienings

  • It Nije Doarp - toaniel

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Bekende (âld) ynwenners fan Mûnein

[bewurkje seksje] Strjitten

  • Dokter Kijlstrawei - arts dy't fan 1860 -1910 in dokterspraktyk hie op Uniastate en dêrnei opfolge waard troch syn soan.
  • Earnebuorren - De beskriuwing fan de betsjutting fan dizze namme ûntbrekt yn it dossier. Dit stikje beskriuwing moat dêr wol west hawwe, mar in gedielte fan it brief fan Master Sannes oer de nammejouwing is blijkber ferlern gong. Sannes hat yn yn 1949 de útstellen dien.
  • Flaaksikkers - ferwiist nei it eardere flaaksfabryk.
  • Flokhernepaad - Dit is de namme fan de streek, wer’t eartiids de lju hinne stjoerd waarden, wer’t de bewenners fan Oentsjerk/Mûnein ferlegen mei wiene. Herne is no aldmoadrich Frysk foar hoeke. Jo kinne ek sizze “it ferflokte hoekje”.
  • Halligenwei - Halich is in âlde lânnamme. Fanâlds namme fan it gebiet besuden Mûnein. De Lytse Halligen: fjild en útbuorren krekt besuden Mûnein; de Grutte Halligen, it fjild tusken Mûnein en De Rijd.[1]
  • Jelte Binneswei - Jelte Binnes Oosterhof
  • K Rienewerfstrjitte - Klaas Rienewerf sneuvele yn de earste maaiedagen fan 1940 op de Ofslútdyk as oarlochsslachtoffer. Hy leit begroeven op it begraafplak fan Oentsjerk.
  • Kaetsjemuoiwei - By de strjitnammejouwing yn 1949 woe men dizze namme jaan omdat it Kaetsjemuoibosk, It Kaetsjemuoilân en it saneamde Kaetsjemuoipaed yn de omkriten fan de wei leine. De namme foar de wei, Kaetsjemuoiwei, wie al hiel âld en alhiel ynboargere. De Kaetsjemuoi's bosk leit efter Staniastate yn it easten fan Oentsjerk. Werom it yn de folksmûle Kaetsjemuoi hjitte is net bekend. Mooglik krige it de namme trochdat de hillige Catharina ( Kaetsje of Tryntsje) destiids de beskermhillige wie fan dizze streek.
  • Mûnewei - nei de eardere mûne dêr't Mûnein nei neamd is.
  • Ottemawei - Nanne Ottema
  • Aukje Wijbengastrjitte - Aukje Wijbenga skreau twa boeken oer Mûnein en Readtsjerk.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Grote Historische Atlas van Nederland. Diel 2 Noord-Nederland 1851-1855. Side 36/37.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen