Garyp

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Garyp
Flagge fan Garyp Wapen fan Garyp
Flagge Wapen
Lokaasje fan Garyp
Gemeente tytsjerksteradiel
Ynwennertal (2009) 1922
Webstee http://www.garyp.nl
Komboerd
Petrustsjerke yn Garyp

Garyp is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel, súdwest fan Burgum. It doarp hat likernôch 1.901 ynwenners (2007). It k.y.-stasjon en it molkfabryk binne ferdwûn, krekt as de húshâldskoalle. It hat ek in iepenloftswimbad.

Untstean[bewurkje seksje | edit source]

De namme komt fan ga - ryp. Ga = gea (lânskip) en ryp is in sânrich of stripe. Garyp is ûntstien op in sânkop as in eilân tusken de legere feangrûnen. It tefolle oan wetter rûn it meast rjochting Wide Ie, dy't útwettere yn de Middelsee en streamd hawwe moat tusken Goutum en Barrahûs (Werpsterhoek), fia it “Skalkedjip” en de "Ald Feart", ek wol "Alde Jokse" neamd (dy’t al ieuwen droech leit troch in oerstreaming yn 1600) rjochting Warten.

Sigerswâld is no in buorskip fan Garyp, mar earst wie it in doarp mei in eigen tsjerke. By Sigerswâld stie it frouljuskleaster Sinaï mei in pleats en in spinhûs. Troch de Reformaasje waard yn 1580 de Roomske Tsjerke ferbean. De kleasters waarden dêrom ferlitten en guon moasten sels ôfbrutsen wurde omdat se de Spanjerts wolris helpe koenen yn de Tachtichjierrige oarloch. Sa moasten ek de "Wite Susters' út it kleaster wei dat fanwege de oerheid yn 1581 yn'e brân stustsen waard.

Garyp stie letter bekend as it doarp mei de 14 stinzen, letter wurde der noch 11 neamd: Albada, Douma, Galama, Kinnema, Sixma, Voocklama, Wiarda, Amama, Skroetsma, Galgahiem en Solcama. Schotanus neamt yn 1622 noch 3: Solcamastate, Scroetsmastins en Galkehiem. Yn de 18e en de 19e ieu binne de measten ferdwûn troch útstjerren, ferhuzing bg. mei steedhâlder Willem IV nei De Haach, jildgebrek en de ôfskaffing fan it Erfrjocht yn 1811. Dertroch fersnipperen de eigendommen en rekken de stinzen yn ferfal.

Nei dat de trochgeande dyk troch de buorren al ferhurde wie, waarden der mear wegens oanlein. De Brandsmaloane nei Sumarreheide, De Loane nei de Iniaheide, mei in betonbrêge oer de Susterfeart, oanslutend op 'e strjitwei nei Aldegea. Fan de Mûnehoek ôf waard de wei ferhurde nei Sigerswâld. Ek kaam der in wei nei Earnewâld, dy 't foar de ynpoldering fan 1920 noch net altyd betrouber wie.

Tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

De Petrustsjerke sa't dy der no stiet is fan 1838. It is de ferfanging fan de út dowestien oplutsen midsieuske tsjerke. De preekstoel en in koperen kroan binne fan 1782. It oargel, makke troch Bakker en Timminga, is fan 1886. Yn de toer hinget in liedklok út 1628.

Doarpswapen en flagge[bewurkje seksje | edit source]

It doarp leit oan de râne fan De Wâlden en wetter. It grien yn de flagge is symboal foar de bosk, de reade baan foar it doarp sels, mei oan de rânen sulveren banen as symboalen foar it wetter.

By de tsjerke fan Garyp leit in swerfstien út de iistiid, grif de ferhevenheid dêr't ea de doarpsrjochter op siet. De gouden ruten yn it wapen binne symboalen fan it rjochtt. De Fryske famyljes Walta en Aggema fieren om deselde reden dizze ruten. It krús ûnderoan docht tinken oan it Kleaster Sinaï dat yn it buorskip Sigerswâld by Garyp stie.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

It Geahûs is de namme fan it mienskipssintrum. De Wrâldpoarte is de basisskoalle fan it doarp. Garyp hat in feriening foar Doarpsbelang, doarpskrante hjit De Rabbelskûte.

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

  • De Beuk - sjitten
  • Vlug en Vaardig - kuorbal
  • Follybalferiening Garyp
  • Fuotbalferiening V en V '68
  • De Skipfeartsjongers - shantykoar
  • biljertferiening
  • Looft den Neer - koar
  • Lytse Krêft - toaniel
  • It Akkelân - tennis
  • Iis Nocht
  • De Poask - fiskjen
  • Us Nocht, Us Hobby en De Wâldstompers - biljerten
Sicht op Garyp, lofts de eardere 19e ieuske skoalle

Bekende Garypster[bewurkje seksje | edit source]

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

  • De ynwenners fan Garyp wurde sânmigers en ek wol klitsefretters neamd. Dizze termen wurde tsjintwurdich benammen brûkt as koartswilige beneaming foar Garipers dy't de hiele dei net folle dogge.
  • Sinteklaas wurdt yn Garyp op in spesjale manier fierd: op de dei dat hy oankomt geane bern jûns by de doarren del ferklaaid as Swarte Pyt of Sinteklaas.
  • Simmerdeis giet der in pontsje fan Suwâld nei Garyp
  • Op it hiem fan de famylje Holwerda oan it Easterein stiet sûnt 1999 in ierdswelwâl. Yn 2000 brieden hjir 40 spantsjes ierdswellen.
  • It doarp hat noch in tradysjonele roukoets. By in begraffenis moat der út de grifformearde tsjerke wei in hiel ein rûn wurde nei it hôf. Dit bart rinnendewei mei in Frysk Hynder foar de koets mei in swart kleed en 4 dragers en de útfeartboade.
  • Oan de râne fan de iisbaan stiet in wynmotor: Wynmotor Garyp.

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Alle strjitten yn Garyp.

De trijesprong Greate Buorren - Easterein - Brandsmaloane hiet eartiids Koutenburch. Dat moat in iepen plak west hawwe, dêr't sigeuners en oar folk mei har wenweinen soms wiken tahâlden.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]