Frysk Hynder

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Fryske hynst


It Frysk Hynder is it âldste ynlânske hynsteras fan Nederlân. Syn woartels geane fier werom yn’e tiid. Al yn de 13e ieu wie de Fries bekend en de Fries fan no fertoant noch hieltiten dúdlike oerienkomsten mei syn fiere foarâlden.

Iere Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It Fryske Hynder waard nei alle gedachten al mear as 3.000 jier lyn brûkt. Út âlde boarnen docht bliken dat it hynder al brûkt waard troch de Romeinen, dy’t it hynder tige wurdearren. Se namen de Fries mei as oarlochshynder, yn de fjildtocht nei Ingelân. Yn de Midsieuwen waard de Fries benammen as kriichshynder brûkt. Yn de Tachtichjierrige Oarloch leveren krusings mei Spaanske hynders, benammen Andalûzjers yn de santjinde ieu in aktyf en alsidich type Fries op.

Yn de achtjinde en njoggentjinde ieu wie it Fryske Hynder tige populêr op hurddraverijen. Earst waard allinich riden ûnder de man mar letter ek foar de sjeas. Alle jierren waard op Kening swipe-dei yn Ljouwert in hurddraverij hâlden om in gouden swipe dy't fan 1823 ôf alle jierren beskikber steld waard troch de kening. Oan it ein fan de njoggentjinde ieu makke de opkomst fan spesjaal foar it draven fokte Russyske en Amerikaanske dravers in ein oan de draverskarriêre fan it Fryske Hynder.

Frysk Hynste Stamboek[bewurkje seksje | edit source]

Om't der yn de 19e ieu steeds mear krúst waard mei oare rassen drige it Fryske ras te ferdwinen. Om dit foar te kommen waard op 1 maaie 1897 it Keninklik Frysk Hynste Stamboek oprjochte yn herberch De Trije Romers yn Reduzum. Yn it begjin registrearre it stamboek sawol suvere Friezen en krúste hynders, mar dan wol yn aparte boeken. Letter is dêr allinich de registraasje fan de Friezen oerbleaun.

Troch de mechanisaasje fan de lânbou wie oan it ein fan de sechticher jierren in djiptepunt foar it Fryske Hynder. Noch mar sa'n 1.000 hynders stienen noch ynskreaun yn de registers fan it stamboek. Mei tank oan inkele fokkers dy’t it Fryske Hynder behâlde woenen, is der net krúst mei oare hynsterassen en beskikke wy no noch oer in Frysk Hynder. Yn 2003 wienen der al wer 40.000 Fryske hynders.

Arabo-Fries[bewurkje seksje | edit source]

Tsjintwurdich is de Europeeske Arabo-Friezen Feriening (EAFV) dwaande in lyts diel Arabyske folbloed yn it Fryske hynder werom te fokken, om se mear geskikt te meitsjen foar de sport. Arabo-Fryske hynders wurden (noch) net opnommen yn it Friesch Paarden Stamboek (FPS). In Arabo-Fries is dus net samar in Fries dy’t krúst is mei in Arabier, mar in útbalansearre fokprodukt.

Skaaimerken[bewurkje seksje | edit source]

It Fryske Hynder is in sierlik eagjend hynder mei in soad behing en in grutske hâlding. It lichem is kompakt en sterk.

  • Hierren: De manen binne lang, fol en slaggerich, lykas de sturt.
  • Holle: De Fries hat in fine holle mei koarte, skerpe en beweechlike earen.
  • Hals: Heechoppich en bûgd.
  • Skoft: Tige leech.
  • Skouders: De skouders binne krêftich ûntwikkele.
  • Skonken: Nochal koart, mar stevich, lang behierre en mei in fetlok.
  • Kleur: In Fries is suver altyd swart sûnder ôftekeningen. Ôftekeningen binne dan ek ferbean, hoewol’t in lyts koltsje in inkele kear troch de fingers sjoen wurdt. In inkele kear komt der in tige seldsume brune fariant foar.
  • Hichte: Tusken 1,50 m en 1,70 m.

It brûken[bewurkje seksje | edit source]

Frysk hynder foar de sjeas by ringriderij yn Ljussens

Bekend binne de Friezen foaral fan de sjownûmerrubriken, dêr’t se foar de Fryske Sjeas rinne en riden wurde troch boeren en boerinnen yn Fryske dracht. Mar ek ûnder it seal prestearret de Fries goed. De Fries hat dúdlik oanlis foar dressuer en hy wurdt ek in soad brûkt as hegeskoallehynder, bygelyks yn’t sirkus.

Peter Spahn rydt mei de hynst Adel 357 mei yn de ynternasjionale Grand Prix, krekt as Goffert 369 en Belinda Nairn-Wertman dat yn Amearika dogge. In tal Nederlânske amasônes binne hast startberjochtige foar de Grand Prix mei harren Fries.

De Fries is lykwols net geskikt foar de springsport. It hynder is nammentlik oarspronklik fokt as wurkhynder dat troch de wike gewoan ploegje moast, en op snein waard it hynder foar de koets spand at de famylje nei’t tsjerke ta gie.

It ras wurdt ek wol brûkt yn de (Amerikaanske) filmyndustry, al strykt it brûken hystoarysk sjoen almeast net, meidat it ras yn syn hjoeddeiske beskik net âlder is as fjouwerhûndert oant seishûndert hier. It Frysk hynder is ûnder oaren te sjen yn Eragon, The Mask of Zorro, Alexander en The Chronicles of Narnia, en ek yn Clash of the Titans wêryn't twa Fryske hynders om bar it wjukte hynder Pegasus spylje.[1]

Beweging[bewurkje seksje | edit source]

De Fries hat in hege knibbelaksje yn draaf, de galop is heech sprongen en toant in soad spektakel. De Fries beweecht him steatich en floeiend.

Karakter[bewurkje seksje | edit source]

De Fries is freonlik, libben mar mak, yntelligint, learderich en trou. Fierder is hy in gewillige wurker. Ek hat it Frysk Hynder in koele holle en is dêrtroch tige geskikt foar rekreatyf riden en bûtenritten.Ek wurd it Frysk Hynder foar de dressuursport brûkt

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • ir. G.J.A. Bouma, Het Friese paard.
  1. (in) Gods, monsters revisited in 'Clash of the Titans', USA Today, 2 april 2010. Rieplachte op 13 augustus 2013.
Symbol support vote.svg