Andalûsje
Ut Wikipedy
| Flagge | Wapen |
|---|---|
| Lokaasje yn Spanje | |
| Algemien | |
| Haadstêd | Sevilla |
| Oerflakte | 87.268 |
| Befolking | 7.849.700 |
| Befolkingstichtens | 79,95 |
| Oare ynformaasje | |
| Heechste punt | Mulhacén 3482 meter. |
| Provinsjes | Almeria, Cadiz, Cordoba, Granada, Huelva, Jaén, Malaga en Sevilla. |
Andalûsje (Spaansk: Andalucía) is ien fan de 17 autonome mienskippen fan Spanje.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
Andalûsje leit yn it úterste suden fan Spanje en grinzet oan de regio's Ekstremadura en Kastylje-La Mancha, Mursia en yn it westen oan Portugal. Fierders leit it oan de Middellânske See en de Atlantyske Oseaan.
Geografysk sjoen falt Andalûsje yn trije parten te ferdielen:
- De Sierra Nevada en oangrinzende sierra's yn it suden en easten. De heechste berchpiek is de Mulhacén mei 3482 meter.
- De Sierra Morena yn it noarden op het grinsgebiet fan Ekstremadura en Kastylje-La Mancha.
- De ymposante fallei van de Guadalquivir leit hjir tusken yn, mei it beskermd sompegebiet "Marismas del Guadalquivir" oan de mûning fan de rivier.
[bewurkje seksje] Kultuer
In protte klisjees oer Spanje lykas de flamingodâns en it bollefjochtsje binne ôfkomstich út Andalûsje:
[bewurkje seksje] Muzyk en dâns
Andalûsje is de bakermat fan de flamingomuzyk. De krekte "roots" binne net bekind, mar guon tinke dat sigeunermuzyk hjir de grûnslach fan west is, fermingd mei kristlike, joadske en Moarske ynfloeden.
[bewurkje seksje] Spoart en spel
Andalûsje is ek de bakermat fan it bollefjochtsje. Alhoewol't dizze spoart troch dierenrjochtenorganisaasjes bedrige wurdt, bliuwt se tige populêr yn Andalûsje. De bollen wurde spesjaal fokd op agressiviteit en lef. Ferneamde arena's steane yn Sevilla (Maestranza-arena), yn Ronda en Cordoba.
[bewurkje seksje] Kulinêr
Andalûsje is it lân fan de Sjerry, in alkolisearre wyn dy't tele wurdt yn de omkriten fan Jerez de la Frontera. Dêr wurde benammen twa druvesoarten foar brûkt: de Palomino en de Pedro Ximénez.
By Sjerry wurde faak tapas iten. Dat binne lytske hapkes dy't typysk Spaansk binne en foaral Andalûsysk.

