Navarra

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Navarra
Flagge Wapen
Bandera de Navarra.svg Escudo de Navarra (oficial).svg
Lokaasje yn Spanje
Localización Navarra.png
Algemien
Haadstêd Pamplona
Oerflakte 10.391
Befolking 600.027
Befolkingstichtens 60,22
Oare ynformaasje
Heechste punt
Provinsjes

Navarra (offisjeel: Comunidad Foral de Navarra) is ien fan de 17 Spaanske regio's. It leit yn it noarden fan it lân, eastlik fan Baskenlân en Frankryk, noardlik fan La Rioga en westlik fan Arragon. Navarra is sawol in selsstannige regio as in provinsje, krekt as Kantaabrje en Astuerje. Haadstêd fan Navarra is Pamplona (Baskysk: Iruña), in stêd mei om-ende-by 190.000 ynwenners.

Taal[bewurkje seksje | edit source]

Yn Navarra wurdt sawol Spaansk as Baskysk sprutsen. Kultureel en histoarysk besjoen heart it by it Baskyske gebiet. Eartiids makke it ek diel út fan it Keninkryk Navarra. De lêste jierren ferliest it Baskysk yn Navarra lykwols terrein op it Spaansk, omdat de taal yn tsjinstelling ta de oanbuorjende regio Baskenlân amper yn it ûnderwiis brûkt wurdt.

Bestjoerlik[bewurkje seksje | edit source]

Neffens regionale wetjouwing is Navarra ûnderferdielt yn trije taalsônes. Yn de zona vascófona (Baskyske taalsône) en de zona mixta (twatalige sône) wurdt it Baskysk op bepaalde nivo's as offisjele amtstaal brûkt, wylst yn de zona no vascófona (net-Baskyske taalsône) allinnich it Spaansk in offisjele status hat.

 
Regio's fan Spanje
Flagge fan Spanje
Andalûsje - Arragon - Astuerje - Balearen - Baskenlân - Kanaryske Eilannen - Kantaabrje - Kastylje-La Mancha - Kastylje en Leon - Kataloanje - Ekstremadûra - Galysje - Madrid - Mursia - Navarra - La Rioga - Valencia - Seuta - Melilla