Arragon

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Aragon
Flagge Wapen
Lokaasje yn Spanje
Algemien
Haadstêd Saragossa
Oerflakte 47.719
Befolking 1.269.027
Befolkingstichtens 26,6
Oare ynformaasje
Heechste punt
Provinsjes

Arragon (Spaansk: Aragón, is ien fan de 19 selsstannige Spaanske regio's. De haadstêd is Saragossa.

[bewurkje seksje] Geografy

Arragon grinzet yn it noarden oan Frankryk en oan de Spaanske regio's Kataloanje, Falensia, Kastylje-La Mancha, Kastylje en León, La Rioga en Navarra. De noardlike grins mei Frankryk wurdt foarme troch de Pyreneeën. It sintrale part fan Arragon is frij flak, hjir streamt ek de rivier Ebro nei de Middellânske See.

[bewurkje seksje] Talen

Yn Arragon wurdt offisjeel mar ien taal sprutsen, it Spaansk. Yn de praktyk wurde der op lytsere skaal ek noch oare talen sprutsen. It Arragoneesk yn de berchfalleien fan it noarden en it Katalaansk yn in strook eastlik fan de regio, dat ek bekend stiet as La Franja. Beide talen wurde wetlik beskerme mar hawwe gjin offisjele status.

[bewurkje seksje] Bestjoerlike yndieling

Arragon is ûnderferparte yn trije provinsjes:

Provinsje Haadstêd
Huesca Huesca
Teruel Teruel
Zaragoza Zaragoza
Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings