Reduzum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Reduzum
Flagge fan Reduzum Wapen fan Reduzum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Reduzum
Gemeente Boarnsterhim
Ynwennertal (2010) 1098
Webstee Webstee fan de Redústers

Reduzum is in doarp oan de ein fan it Swin, yn Boarnsterhim. Alhoewol it no net mear sa dúdlik is, is it fan oarsprong in terp, en al út de tiid dat de Middelsee yn dit part fan Fryslân hearske.

De Nederlânske namme wie: Roordahuizum en yn it Frysk wie dit: Roardhuzum. Omt it Frysk mear in sprektaal as in skriuwtaal is, is sûnt jierren keazen foar de "fonetyske" namme Reduzum, dy't neat mear te krijen hat mei de namme (van) Roorda, dêr't de namme fan ôflaat is.

Yn letter tiden wie Reduzum, lizzend oan de wei nei Oerisel, ferneamd fanwege de herberch "De Trije Romers", Dat wie in moai sintraal plak foar gearkomsten fan de boerelju, en dat is grif wêrom hjir, yn wat yn dy tiid it hotel "De Grutte Trije Romers" wie, yn 1879 it Fries Rundvee Stamboek en it Fries Paarden Stamboek oprjochte binne.

It hotel is der net mear, mar in oar ferneamd plak in Reduzum is der noch: Krekt bûten it doarp stiet oan wat ea de wei nei Oerisel wie De Blauwe Tent. En krekt dêr tsjinoer stiet de Doarpsmûne Reduzum.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Reduzum hat in feriening Doarpsbelang mei in soad kommisjes: Aktiviteiten, Ferkear, Grien, Jongerein, Kearngroep, Merke, Sportbelangen en de wurkgroep Swinlân. De Linepraat is it krantsje fan Doarpsbelang. Oan de Master Gorterstrjitte stiet De Trije Doarpenskoalle (TDS). Bern út Friens en Idaerd geane hjir ek hinne.

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

  • De Fjouwer Doarpen - soas
  • Tusken Swin & Swette - kultuer
  • Sjongnocht - koar
  • Stânfries - gymnastyk en kuorbal, tennis en folleybal
  • Iendracht - iisklub
  • Jan Reitsma - keatsen

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Alle Strjitten yn Reduzum.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: