Aldegea (Smellingerlân)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Aldegea
Flagge fan Aldegea Wapen fan Aldegea
Flagge Wapen
Lokaasje fan Aldegea
Gemeente Smellingerlân
Ynwennertal (2012) 1698
Webstee http://www.bakbrogge.nl
Herfoarme tsjerke
De buorren mei lofts it âld rjochtshûs
Buorren (2008)

Aldegea is in doarp yn it noardwesten fan de gemeente Smellingerlân. It doarp hat likernôch 1734 ynwenners (2009).

Ynhâld

Skiednis [bewurkje seksje]

Yn de 17e en 18e ieu wie Aldegea hat it haadplak fan de gemeente Smellingerlân. It Rjochthús oan de buorren komt noch út dizze tiid. It is boud yn 1738 nei't it âlde rjochthús opbaarnde ûnder in grutte brân yn it doarp.
Aldegea is in krúsdoarp út de midsieuwen op in krusing fan wegen, dat boppedat oer it wetter te berikken wie.

De famylje fan Haersma hat in grut plak yn de skiednis fan Aldegea. Yn 1646 keapet Alle fan Haersma in stik grûn by Aldegea fan de Steaten fan Fryslân dy't dit yn 1580 krigen hiene doe't alle kleasterbesittings oan de Steaten takaam. It wie fan it kleaster fan Smelle Ie. Sy wennen op Haersma State east fan de Herfoarme Tsjerke.

Syn soan Aulus fan Haersma hat Grut Haersmastate boud, dizze state hat oant it lêst ta yn famylje besit west. Mei Hektor Livius fan Haersma, ek grytman fan Smellingerlân yn 1839 stjert de famyljeline fan Haersma út. De grûn wurdt yn parten ferkocht en Great Haersma wurdt sloopt.

Op de grins fan Aldegea/Nijegea leit oan de súdkant fan de Hege Dyk in swerfstien mei de namme Blauwe stien. De gletsjerkrassen waarden wol ferklearre as swurdhouwen fan de Münsterske soldaten tusken 1672-1674 (sjoch ek: Biskopsgrêven).

Gebouwen [bewurkje seksje]

  • Herfoarme tsjerke út 1200, yn 1975 restaurearre. Mitsele fan dowestien en mei brânskildere ramen en wapenboerden. Yn de toer hinget de nei alle gedachten âldste liedklok fan Nederlân, getten yn ± 1200. De klok waagt 760 kg en hat in trochsnee fan 99 sm.[1]
  • Rechthuys (Aldegea) mei gevelbyld fan Frouwe Justitia.
  • Ten súdwesten fan it doarp stean twa Amerikaanse wynmotors, de Wynmotor Barfjild en de Wynmotor Aldegea.

Iepenloftspul [bewurkje seksje]

Yn 1997 by it fyftichjierrich bestean fan de Tonielferiening “Op ‘e nij bigûn” waard dêr in iepenloftspul opfierd. It ferhaal gie oer Livius fan Haersma, de grytman fan Smellingerlân. Yn stie der wer in iepenloftspul op de rol, diskear gie it oer syn soan of pakesizzer Hector.

Haven [bewurkje seksje]

Eartiids brochten en hellen skippers minsken en fracht nei en fan Ljouwert en Snits. Yn 1900 krige Aldegea in suvelfabryk, en krige de haven in nije funksje, de suvel moast oan- en ôffierd wurde. Yn 1966 sleat it fabryk en wie der net folle drokte mear yn de haven. Nammerste mear omdat hast alle ferkear dêrnei oer de wei gie. Yn de santiger jierren waard it in rekreasjehaventsje mei 110 lisplakken. Yn 2003 is de haven útdjippe.

Mienskip [bewurkje seksje]

De doarpskrante hjit 'De Bakbrogge'.

Ferienings [bewurkje seksje]

Befolking [bewurkje seksje]

Ferskaat [bewurkje seksje]

  • Yn 2003 wienen der plannen foar in nij te meitsjen mar by Aldegea. (FD 10 maart)

Strjitten yn Aldegea [bewurkje seksje]

Alle strjitten yn Aldegea (Smellingerlân).

Sjoch ek [bewurkje seksje]

Keppeling om utens [bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en referinsjes [bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. In toren van Oudega hangt Neerlands oudste klok, sitaat Rainer Schutte fan it Nationaal Beiaardmuseum, Asten en saakkundige Jaap Pompstra út Beerta. Ljouwerter Krante 14 maaie 2011.