Koartehimmen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
de himrik fan Koartehimmen
Tsjerke en klokkestoel

Koartehimmen is in doarp yn de gemeente Smellingerlân, súd fan Drachten. It doarp hie likernôch 190 ynwenners (2004). It bestiet út de buerten Galhoeke en Boerestreek.

De namme "Koartehimmen" komt fan it omlizzende lân. Himmen binne lege wiete stikken lân dy't meastentiids by in rivierke lizze. Yn dit gefal wie dat de Drait. Oan wjerskanten fan it rivierke lei in rige sânkoppen, dy ’t minsken oanluts. Sa ûntstie Suderdragten oan de iene en Koartehimmen oan de oare kant fan it wetter.

It nei alle gedachten yn de twadde helte fan de 13e ieu boude toerleaze tsjerkje is fan it type sealtsjerken. Op it tsjerkhôf stiet ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân (fernijd yn 1950).

Yn de boskrike streek stie ek de Folkshegeskoalle, foarmings- en konferinsjesintrum fan de Woodbrookers. De Skriuwersrûnte Koartehimmen kaam hjir yn de sechtiger jierren twaris yn 't jier gear om mei mekoar eigen wurk foar te lêzen en te besprekken. Dit hat laat ta it opsetten fan Operaesje Fers. Hjirby koenen minsken dy't de dichterstelefoan bellen, alle wiken in oar fers hearre.

Yn de bosk, grinzjend oan de gemeente Opsterlân, leit in âld heidefjild yn behear fan de Teijens Fundaasje bekend ûnder de namme Koartehimerfjild. Yn 2006 waarden hjir in soad boeken plante, wêrmei't it histoaryske oansjen fan de heide ferlern gien is.

Op 27 augustus 1813 is Jan Halbes de Jong út Koartehimmen ûnthalze op de Ljouwerter guillotine fanwege moard.

Reagerbosk[bewurkje seksje | edit source]

De Reagerbosk stiet yn ferbining mei it doarp Beetstersweach. Dit terrein bestiet meat út âld leafbosk dat fanâlds trochrûn yn de feangrûnen rjochting Nij Beets. De histoaryske Reagersbosk krige syn âlde beammen meidat de bosk generaasjes lang fersoarge is. Ut it gebiet binne in soad bisten bekend, wêrûnder in grut tal bysûndere ynsekten dy't op de âlde beammen tahâlde.

De bosk lei earder op it lângoed Steenbergen. Begjin 20e ieu waard it bûten ôfbrutsen en ferfongen troch in lúks wenhûs. Hjirby stiet ek it eardere Woodbrookershotel dêr't sûnt 2009 in nij behannelsintrum foar slim opfiedbere jeugd fan Jeugdhelp Fryslân komd is. By it doarp is ek in ôfdieling fan de Grinzer ynstelling Het Poortje, in regionaal justysjele jeugdynrjochting. Yn 2008 waarden hijirfoar petysjes en protesten hâlden by de omwenjende doapsbewenners. Het Poortje is bedoeld foar behanneling fan jongeren tusken 12 en 24 jier. Yn 2008 giet it los mei de opfang fan in 45 bern. Stichting Behandelcentrum Woodbrookers is op 7 oktober 2009 oprjochte en is ûntstien út de gearwurking tusken Jeugdsoarch Fryslân en 'Het Poortje'.

Yn it Koartehimster Fjild stie oant de jierren tritich fan de 20e ieu noch in spinnekopmole.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Mei Boarnburgum hat Koartehimmen in Feriening foar Doarpsbelangen. De buertferiening is de Himmen (Sânbuorren, gedielte Galhoeke, Boerestreek, Himsterfinnen en Prikwei). De oare buertferienings lizze yn Boarnburgum. Doarpskrante 'Boarnhimster Bining' ferskynt fjouwer kear yn't jier. Hast alle bern geane nei skoalle yn Boarnburgum.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Boerestreek, Galhoeke, Himsterfinnen, Prikwei, Sânbuorren.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]