De Pein
|
|||||
| Gemeente | Smellingerlân | ||||
| Ynwennertal (2004) | 1760 | ||||
| Webstee | Webstee oer De Pein | ||||
De Pein (Opeinde) is in doarp yn de gemeente Smellingerlân, sawat 5 km. noardwest fan Drachten. It doarp hat likernôch 1.760 ynwenners (2004).
Op it âlde tsjerkhôf stiet ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân.
Marije (de memmeklok, neamd nei de histoaryske klok fan it Suderhôf fan Drachten), Piter (de heiteklok, wijd oan de apostel Petrus)en Marten (de berneklok, wijd oan Sint Maarten), binne de nammen fan de klokken dy't sûnt desimber 2010 op begraafplak de Wâldhof yn de nije klokkestoek (2007) hingje, in kopy fan de klokkestoel dy't ea op it Suderbegraafplak yn Drachten stie.
Der is in gersdroegerij by it doarp. Eartiids wie der ek in molkfabryk; op 25 jannewaris 2008 is de piip fan it fabryk delhelle.
De damgrutmaster Auke Scholma is berne yn De Pein.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Mienskip
De Pein hat in doarpshûs De Wringe en twa skoallen: It Maitiidslibben en De Bernebrêge. "De Brêge" is de doarpskrante fan De Pein. De damgrutmaster Auke Scholma is berne yn De Pein.
[bewurkje seksje] Ferienings
- De Brêgesjongers - shanty
- Fûgelwacht
- Violeria - toaniel
- Jeduthun - muzyk
- Fuotbalferiening ONT, spilet op Sportpark Douweskamp
- KC De Pein - kuorbal
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Klokkestuollen
[bewurkje seksje] Strjitten
Alle strjitten fan De Pein.