Noarderein

Ut Wikipedy
It Noarderein (2016)

Noarderein is in buorskip by Drachten yn de gemeente Smellingerlân.

It Noarderein is in rige huzen en pleatsen oan de útein fan de eardere Noarder Dwersfeart en kaam yn de sechtiger jierren wat apart fan Drachten te lizzen troch de oanlis fan de noardlike rûnwei. Letter waard de buorskip nei it easten ta ôfsluten troch de Wâldwei, dy't yn de 21e iuw ek nochris ferdûbele waard. De strjitte kaam sa isolearre te lizzen fan Drachten. De trochgeande dyk nei de Folgeraleane is allinnich tagonklik foar bestimmingsferkear.

Yn oktober 2010 krige it fan de gemeente de offisjele erkenning as buorskip. Yn it earstoan woe de gemeente allinnich buorskippen erkenne dy't dat eartiids ek wiene. Omdat elkenien fan 'e beëage buorskip Noarderein ynstimde waard dy status ek oan Noarderein ferliend. Betingst wie wol om in kultuerhistoaryske beskriuwing te meitsjen. Under de ynwenners binne in soad minsken mei in agrayske bining en ek dowemelkers wenje der frijwat.

Nei it súdlik útein fan de eardere Dwersfeart komt de Suderein.

 
Wiken en buerten yn Drachten
Flagge fan Drachten
Wiken: De BouwenBurmaniaparkDrachten EastDrachten NoardeastDrachten SintrumDrachten SúdDrachtster FeartDe DraitFinneparkDe Folgeren (wenwyk)FrijburchHimsterhoutMoarreparkPappegaaiebuertPark SuyderwijkDe PeppelDe SâningDe SingelsDe SwettenDe TriskenDe VenenDe Wiken
Buorskippen: BûtenstfallaatDe FolgerenNoardereinIt SúdSuderheide
 
Plakken yn de gemeente Smellingerlân
Flagge fan de gemeente Smellingerlân
Haadplak: Drachten
Doarpen en útbuorrens: AldegeaBoarnburgumDrachtster KompenijeDe FeanhoopGoaiïngahuzenDe HoutigehageKoartehimmenNyegeaDe PeinDe RottefalleSmelle IeDe TikeDe Wylgen
Buorskippen: BûtenstfallaatEibertsgeastenDe FolgerenGalhoekeDe GeastenDe KlettenDe KoaiLuchtenfjildMiddelbuorrenNoardereinNijtapOpperbuorrenPuntpealSânbuorrenSytebuorrenIt SúdSuderheideUteinWierren