De Kletten

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Kletten is in buorskip, en de namme fan in wei, oan de noardwestrâne fan Drachten yn de gemeente Smellingerlân. De namme komt ek foar as Kletten en yn de strjitnammen Kletten en de Kletsterleane en it wetter Kletsterfeart.

De buorskip hearde feitlik ta de himrik fan De Pein, mar lei tsjin de doarpsgrins mei Noarder Drachten oan.

[bewurkje seksje] Untstean fan de namme

Kletten of klitten binne turfkluten. Ein 16e ieu waard de turf út Folgerster feanen, noardeastlik fan De Folgeren, ôffierd fia de Noarder-Dracht, letter Burmaniasleat neamd, en opslein op it plak dêr't De Kletten ûntstie [1].

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. * Jolt Oostra Rzn: ‘Drachtster namen’, toponymie van Drachten, 1997
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels