Bûtenstfallaat
Ut Wikipedy
Bûtenstfallaat is in buorskip yn de gemeente Smellingerlân. Bûtenstfallaat leit bewesten Drachten oan de Nije Drait en de Drachtster Feart.
Bûtenstfallaat hat in grutte jachthaven en eartiids waarden der skûtsjes boud. Foaral de werf fan de bruorren Roorda oan it Moleneind en de werf fan de famylje Van der Werff wienen ferneamd om de kwaliteit fan de skûtsjes. Noch altyd stride dy Piipster en Bûtenfallaatster skûtsjes yn de foarein by it skûtsjesilen.