Boarnburgum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
lizzing Smellingerlân
de himrik fan Boarnburgum
Herfoarme tsjerke
Grifformearde tsjerke

Boarnburgum is in doarp yn de gemeente Smellingerlân, in kilometer súdwest fan Drachten. It doarp hat likernôch 1.600 ynwenners (2012). Der is in kristlike basisskoalle ( By De Boarne ) en in iepenbiere (De Finneblom).

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Mei Aldegea is Boarnburgum it âldste plak fan Smellingerlân. Boarnburgum leit op in hichte, de namme burch makket dat dúdlik en um is de ôfkoarting fan -him, dus in droech plak oan De Boarn. Dêrom wurdt wol tocht dat it doarp westliker lein hat, tichter by de Boarn of in sydtûke dêrfan.

himrik

It gebiet dat ûnder it doarp foel, lei nochal útinoar. Fan de Postbrêge oer it rivierke de Drait oant fier yn it westen, de Botmar ta. Hjir en dêr lei in buorskip: Goaiïngahuzen, De Flearbosk, De Wylgen, Smelle Ie en de buorren om de tsjerke mei It Efterom. De Feanhoop ûntstie doe’t yn de 19e ieu de Beetster Feart groeven waard. De feanterij kaam goed op gong. Oan de ein fan de feart, by de slûs, festigen har hieltyd mear minsken. En de measte petgatten waarden wer as brûkber boerelân oanmakke.
Earst yn 1955 waarden guon fersprate gehuchten ferheven ta in eigen doarpsstatus: De Wylgen, Smelle Ie, De Feanhoop en Goaiïngahuzen. It memmedoarp Boarnburgum is noch altyd it sintrum fan it westlik part fan de gemeente Smellingerlân.

tsjerke

Boarnburgum moat al in âld plak wêze: de brûkte dowestien fan it tsjerke wiist op in tiid foar 1200. Dowestien waard faak ynfierd út Dútslân. Yn Sinteklaasnacht 1733 stoarte de sealtektoer yn. Efterop de wizer fan de klok stiet 1734, as datum dat de nije tsjerke opboud wie. De opbringst fan de dowestiennen hat dêr grif oan meiholpen. De liedklok is yn de Twadde Wrâldoarloch troch de Dútsers meinomd. Yn 1980 is de tsjerke wer opknapt. Om de âlde iken preekstoel lizze âlde sarken dy't ûnder de houten flier fûn binne.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Boarnburgum hat mei Koartehimmen in feriening foar doarpsbelangen en hast alle ynwenners binne lid. ’t Bynt is it doarpshûs. Boarnburgum hat wol 7 buertferienings: De Himmen, De Nijewei, De Middenstip, De Lege Ein, De Omwei, De Satellyt, De Twakamp, Meiinoar Ien, Skoalherne, Westerefterkrite en Easterbuorren. De doarpskrante Boarnhimster Bining ferskynt fjouwer kear yn't jier. De stifting BOA organisearret in soad aktiviteiten.

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

't Herntsje, Boerekrookje, Boerestreek, Bosschawei, Bûtenom, Bysitterskamp, De Lege Ein, De Middelgeast, Ds Van Apeldoornwei, Eabekamp, Easterbuorren, Efterom, It Mear, Jouke Jochemswei, Krite, Nijewei, Skeanewei, Skoallefinne, Suderom, Tijmen de Boerwei, Titelroas, Westerbuorren, Wiegersmawei.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]