Smelle Ie
Smelle Ie is in doarp yn de gemeente Smellingerlân, oan it Smeliester Sân. It is it lytste doarp fan de gemeente mei likernôch 50 ynwenners (2004), mar earder wie it it haadplak en nammejouwer fan de gritenij. It wurdt al yn 1392 neamd; der stie destiids in kleaster
[bewurkje seksje] Skiednis
Yn 1392 wurdt Smelle Ie foar it earst neamd. Der stie doedestiids in kleaster fan Benediktiner nonnen, wêrfan de abt "Hera fan Smelne" neamd waard (ek: Smalenne). It waard ek Onzer Lyewe Vrouwen Smellingerkonvint neamd. It soe in dûbelkleaster fan Augustiner Koarhearen en regularisen west ha. Nei 1400 fan Benediktinessen en mooglik ôfhinklik fan Flearbosk. It kleaster hie in úthof oan It Foarwurk by Oerterp.
De Muontseleane herinnert noch oan it bestean derfan.
Slinge paad: Der rûn in paad fan 't kleaster fan Smelle Ie nei de Suderhegewei ûnder Drachten.
[bewurkje seksje] Strjitten
Bûtendiken, Kleasterkampen, Mûne Ein.