Drachtster Kompenije
|
|||||
| Gemeente | Smellingerlân | ||||
| Ynwennertal (2004) | 1200 | ||||
| Webstee | http://www.drachtstercompagnie.info | ||||
Drachtster Kompenije is in doarp yn de gemeente Smellingerlân, noardeast fan Drachten. It doarp hat 1.204 ynwenners (2006). De Wyngert en De Skûle binne de beide basisskoallen. Yn de supermerk sit noch in stipepunt fan TPG.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Yn 1772 wurdt al skreaun oer de heechfeankoloanje Kompenije. Oan de lange rjochte stikken lân, de protte wiken en de elzesingels falt de skiednis fan de ferfeanting noch ôf te lêzen. It graven fan turf barde tusken de 17e ieu oant midden 19e ieu. Dêrnei waard de grûn ta greidlân makke. Yn it earste helt fan de 19e ieu ûntstie stadichoan in buorren. Yn 1909 kaam yn it doarp de earste boereleenbank fan Opsterlân. Yn 1913 kaam De Kompenije oan de trambaan nei Grins te lizzen.
[bewurkje seksje] Wapen en flagge
De noardeast/súdwest rinnende wiken fan De Kompenije wurde foarsteld troch de sulveren skeanbalke op in blauwe ûndergrûn. Op de skeanbalke steane trije reade turven as symboal fan de turfgraverij. Oan de smidwei yn it doarp stiet in monumint mei trije turven. De turf dy't hjir stutsen waard wie de saneamde lange turf en wie brún fan kleur. Omdat neffens wapendeskundigen brún gjin winske kleur is en read dêr tichtby leit, hawwe de turven dizze kleur krigen. Boppedat symbolisearret de reade kleur de heechfeanheide.
De gearwurking yn it ferline as kompanjons om it heechfean ôf te graven en de lettere gearwurking fan boeren yn koöperaasjes (it koöperative bûterfabry dy't yn it doarp stie ) wurdt sinnebyldich foarsteld troch de frijkertier fan read en goud, lofts skean dield troch in saneamde klaversneed. De klaver is in de Fryske heraldyk it symboal foar greidebesit en de dêroan ferbûne feehâlderij. It goud/giel stelt de sângrûn foar en it read de heide dy't wyls ferdwûn is. By spesifike doarpsaktiviteiten wurdt de Kompenijster flagge útstutsen.
[bewurkje seksje] Mienskip
It doarp hat sûnt 1933 in feriening foar Pleatslik Belang dy't ek in takomstfisy nei it jier 2010 opsteld hat. Se komme by inoar yn It gebouke, dêr't ek pjutteplak it Krobbenêst yn sit. Der is ek in kommisje foar de Skoal- en Doarpsfeesten.
[bewurkje seksje] Ferieningen
- TFS - sport
- Meiinoar Ien - toaniel
- Blide Stimmen - sjongen
- De Kompenije - blaaskapel
- Ta jo tsjinst - doarpshelp
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Strjitten
Alle strjitten yn Drachtster Kompenije.
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Op it begraafplak stiet ek ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân.