Nyegea

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Nyegea
Flagge fan Nyegea Wapen fan Nyegea
Flagge Wapen
Lokaasje fan Nyegea
Gemeente Smellingerlân
Ynwennertal (2005) 505
Webstee


de himrik fan Nyegea
Herfoarme tsjerke fan Nyegea

Nyegea is in doarp yn de gemeente Smellingerlân, noardwest fan Drachten. Nyegea leit oan rykswei N31, tusken Ljouwert en Drachten, dy't ek wol de Wâldwei neamd wurdt. It hat likernôch 505 ynwenners (2005: boarne gemeente Smellingerlân).

De buorren fan Nyegea is net al te grut. Grutste strjitte is de Kommisjewei (de trochrinnende dyk rjochting De Pein). It bûtengebiet fan Nyegea is frij grut (sjoch kaartsje). Yn Nyegea stiet in moaie Herfoarme tsjerke. Sûnt jierren hat Nyegea gjin basisskoalle mear. De bern geane no nei skoalle ta yn De Pein of De Tike. De ûndernimmersgeast is frij grut, lykas oearal yn de Fryske Wâlden, mar der binne gjin winkels of soksawat mear. Wat de gruttere plakken oangiet is Nyegea oanwiisd op plakken as Drachten en Burgum (beide op sa'n 5/6 kilometer ôfstân).

Ynhâld

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Ferienings

  • Nij Begjin - toaniel

[bewurkje seksje] Strjitten

Aldegeasterdyk, De Klynhoeke, Eartlânsreed, Eibertsgeasten, Fiifhoeke, Finnen, Hearrewei, Hegewei, Kilometerwei, Kommisjewei, Nije Tikewei, Skieppekampen, Stienkampen, Swartewei, Westerein, Wierren.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen