De Feanhoop

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
de himrik fan De Feanhoop
Komboerd De Feanhoop
Kraanlannen
Kraanlannen

De Feanhoop is in doarp yn it westen fan de gemeente Smellingerlân, by de westein fan de Wide Ie. It doarp hat likernôch 260 ynwenners (2004). Der is ien basisskoalle: Op 'e Feanhoop. De Doarpskrante hjit "It Feantraperke". Op de Feanhoop fart simmerdeis in pontsje nei Smelle Ie. De earste moandei fan de SKS-wedstriden Skûtsjesilen wurde op de feanhoop fersyld. De jûnen derfoar en dernei stiet der in feesttinte dêr't it der omraken útnaait. It feest dêr't faaks grutte nammen út de popmuzyk komme sil dêrom nei in oare lokaasje útsjen moatte. By de Feanhoop leit ek it âlde arkje fan de ferstoarne skriuwer Rink van der Velde. Fryske skriuwers kinne it arkje brûke om te skriuwen.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Yn de 19e ieu waard de Beetster Feart groeven foar de feanterij. Oan de ein fan de feart, by de slûs, festigen har hieltyd mear minsken. En de measte petgatten waarden wer as brûkber boerelân oanmakke. Earst yn 1955 krigen guon fersprate buorskippen in eigen doarpsstatus: De Feanhoop mar ek De Wylgen, Smelle Ie.

[bewurkje seksje] Gea

Wynmotor Herkules op De Feanhoop

Yn de 19e ieu is it natuermonimint it Unlân fan Jelsma ûntstien. Dit gebiet is no yn behear by It Fryske Gea. Ek lizze der de Petgatten as ûnderdiel fan de Kraanlannen.

Even ten noardeasten fan De Feanhoop stiet in Amerikaanse wynmotor fan it type Herkules Metallicus, dy't oanwiisd is as ryksmonumint.

[bewurkje seksje] Gasbuis

Yn de winter fan 2006/2007 is by De Feanhoop in 1,20 meter grouwe gasbuis fan 1060 meter lingte ûnder de Krûme Ie trochboarre. De Gasunie lei de nije gaslieding oan fan it Grinzer Gryptsjerk nei Warkum, dwerstroch Fryslân. De boarring by De Feanhoop is de grutste yn 'e skiednis fan it bedriuw.

[bewurkje seksje] Mienskip

Mei it skûtsjesilen wurdt hjir it Feanhoopfestival hâlden.

[bewurkje seksje] Befolking

Oantallen foar 1954 ûnbekend.

[bewurkje seksje] Ferskaat

[bewurkje seksje] Strjitten

't Stalt, Boarnburgumer Heawei, De Flearbosk, Drachtster Heawei, Eijzengapaad, Kanaaldyk, Klusewei, Kraanlânswei, Krúswei, Slûswei.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
>

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen