Goaiïngahuzen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
de himrik fan Goaiïngahuzen
Pleatsen oan de de Swettewei

Goaiïngahuzen is in doarp yn de westpunt fan de gemeente Smellingerlân. It doarp hat likernôch 70 ynwenners (2004).

Ynhâld

[bewurkje seksje] Lizzing

De buorren fan it doarp leit oan de Janssleat. Eartiids lei it doarp foar it grutstepart by de trijehoek fan Aldfeart, Goaisleat en de Goaiïngahúster Sleat, mar de suderbuorren in de rin fan de tiid safolle wichtiger wurden dat it doarp him ferplakke hat nei de súdwestkante fan de Modderige Bol. Yn de omkriten leit natuergebiet De Kobbekoai, neamd nei de kôbers dy't dêr in soad binne. It is yn behear by It Fryske Gea en allinnich op oanfraach tagonklik. Op It Eilân oan de Goaiïngahúster Sleat is minykemping De Pôle.

[bewurkje seksje] Kop-hals-romppleats

Oan de Peansterdyk stiet in kop-hals-romppleats út 1883, neidat in brân de oarspronklike pleats yn de jiske lein hie. Op dit stee stie al in pleats sûnt de 16e ieu of earder al in hoarnleger stie. Dit boerehiem hearde by it kleaster “Smelne”. Under it gemeentlike monumint sit in grutte molkenkelder ûnder it foarhûs. Eartiids hie de pleats in reidtek. De keldersfinsters mei bopperamen hawwe noch bûgde roeden.

[bewurkje seksje] Mole

Oan de Peansterdyk stiet De Jansmole (De Modden), in spinnekopmole dy't earder de polder Van der Veer droechmealle moast. Wat fierderop oan de dyk steane de mûnen Heechhiem, dy't Polder De Boer mealt, en De Modderige Bol, dy't Polder Adamse meald hat, beide ek kopmûnen.

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Strjitten

It Eilân, Kobbewei, Peansterdyk, Swettewei.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppelings om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen