Biskopsgrêven

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Biskopsgrêven

De Biskopsgrêven binne in troch in stek omjûn plak by de brêge oer de Drait tusken Drachten en De Wylgen. Earder wie it kampke lân mei de grêven bekend as de Ruterpôle. Neffens oerlevere ferhalen soene dêre biskoppen (sels Poalske!) begroeven wêze. It is in oantinken oan de Munsterske oarloch fan 1672-1674.[1]

Der is ek in oare ferzje fan it ferhaal. In ôfdieling fan it leger fan Bernhard fan Galen besocht troch Smellingerlân Ljouwert te berikken, mar dat foel net ta. De soldaten namen, nei't sy oer de Suderheide by Drachten Smellingerlân ynkommen wiene, ferskillende rûtes. De grutste kloft waard op de Sumarreheide weromslein en begûn te plonderjen. In oar part fan de soldaten hie it op Aldegea foarsjoen. Grytman Haersma hie lykwols de Hegewei trochgrave en barrikadearje litten en boppedat foarkaam heech wetter dat de troep it doarp berikke koe. De Munstersen moast tebeklûke.

Faaks wiene it guonts fan de lêste plonderjende groep dy't tsjinhâlden waard by de Poalsbrêge oer de Drait. Trije soene de dea fûn hawwe en op dat plak begroeven wêze. Letter soe it folk der biskoppen fan makke hawwe.[2]

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Brouwer, J. H. e.o. (red),Encyclopedie van Friesland, 1958. Bisschopsgraven
  2. P. van Schaik, dr. J. J. Spahr van der Hoek (red), Geschiedenis van Smallingerland (1976). De Tille, Ljouwert.
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels