Pier Feddema

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Pier Feddema ( Eanjum, 2 juny 1912 - Balk, 18 desimber 1983) wie in Fryske ûnderwizer, skilder, keunstner en skriuwer út Garyp en Balk.

Hy krige les fan H. Dijkstra mar is fierders autodidaktysk ekspresjonist. Mei Klaas Koopmans, Jan van der Bij, Sjoerd Huizinga en Jaap Rusticus foarmen hja de skildersgroep ‘Yn'e Line’, in groep dy’t harren mei hert en siel taleinen op ekspresjonistysk tekenjen en skilderjen. Nijsgjirrich binne de skilderijen fan it Amelân, de merktekeningen lykas hynstemerken, kafees, it dwaan en litten fan minsken. Foaral ek de hâlding fan de minsken en de achterlizzende geast wie foar Feddema tige wichtich.

Boeken[bewurkje seksje | edit source]

  • Jonges fan Gaasterlân
  • Brekkende Branning (1958)
  • Gods terskflier (1959)

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Feddema, Pier.