Gordyk

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "De Gerdyk")
Gean nei: navigaasje, sykje
De Gordyk
Flagge fan De Gordyk Wapen fan De Gordyk
Flagge Wapen
Lokaasje fan De Gordyk
Gemeente Opsterlân
Ynwennertal (2005) 6913
Webstee www.pbgorredijk.nl
De Gerdyk

Gordyk, ek De Gordyk, is in flekke yn de gemeente Opsterlân, oan de N392. Gordyk hat 6.913 ynwenners (2005). Nei ferwachting hat De Gordyk yn in 2009 hast 8.000 ynwenners. Dit oantal sil heger lizze troch de útwreiding 'Loevestein'. It Streekmuseum Opsterlân sit oan de Haadstrjitte. It wapen fan Opsterlân is ynstraten foar dit streekmuseum.

Ynhâld

Skiednis [bewurkje seksje]

De Gordyk, 1914

Eartiids lei De Gordyk middenyn de útstrekte heechfeangebieten fan Súdeast-Fryslân. Dit fean waard letter ôfgroeven en dit wurk luts in soad minsken nei dizze doe tin befolke gebieten. De oarspronklike bewenners wienen boeren, dy't libben fan de lânbou. Se ferbouden bokweet, hjouwer, rogge, earte, beanen, flaaks en krûden. Fierders hâlden se skiep en bijen. Kij waarden noch net folle holden. De Koartsweachster boeren sille faaks harren hea foar in diel helle hawwe út de lege lannen tusken De Tynje en Terwispel. Se sille ek wol stikjes heide ûntgûn hawwe yn en by de Gorrefeanen, dy't yn de rjochting fan it hjoeddeiske Jobbegea leinen. Dizze Gorrefeanen waarden yn de 17e ieu troch de Hearen Kompanjons ôfgroeven. Benammen Jonker Dekema hie hjir in soad besittings. Jonkerslân hie ek Dekema's lân hjitte kind.

Foar it ferfier fan turf wie in kanaal nedich. Yn 1622 wie dit der noch net, mar yn 1630 wurdt it neamd. It trochgraven fan de Hegedyk wurdt sjoen as offisjeel begjin fan de feankoloanje De Gordyk. Der kaam dus in kanaal nei de Gorrefeanen. Der wie in hûs by de "Hooge wech", dat gau folge waard troch meardere. Oer it gat yn de dyk kaam in heechhout, dêr't turfskipkes mei strykte mêst ûndertroch farre koenen. Yn 1633 is sprake fan: "Seeckere huijs, seuen roede lang en twee voet breet, staende te corteswagen bij de hoogewech en de Heerensloot". Dat De Gordyk is tusken 1630-1640 ûntstien as in Feankoloanje tusken Koartsweagen en Terwispel op it krúspunt fan de Hege wei fan De Lemmer nei Grins en de Opsterlânske Kompanjonsfeart, dy't groeven waard om de Gorrefeanen te ûntginnen.

Yn 1673 waard de earste bebouwing fan De Gordyk omjûn troch in skâns fanwege de strategyske lizzing foar de ferdigening fan Fryslân. De kosten hjirfan moasten de ynwenners sels betelje. Kultureel sintrum "De Skâns" , krekt bûten de eardere grêften hat hjir har namme troch krigen.

Flekke [bewurkje seksje]

Gordyk is in saneamde "Flekke". De Gordyk wie yn it ferline benammen in plak dêr't guod ynfierd, opslein en ferhannele waard. In bynamme foar Gordyksters is dan ek "hantsjeklappers". Oant de tachtiger jierren fan de 20e ieu stie de Gordykster Merke noch bekend om syn feehannel, mar dat is no foarby. Op de Gordyk waard turf trochfierd, benammen út de streek efter De Tynje. Der wie yn de regio bittere earmoede. Yn it boek fan Geert Mak, "Lopen met Van Lennep", wurdt De Gordyk neamd as no go area, in rovershoale. Sy (Jacob van Lennep en Dirk van Hogendorp) kamen net fierder as It Hearrenfean op harren tocht. It doarp krige al gau in grutte middenstân en in sintrum foar de omkriten en krige ek de status fan flekke. Fan 1694 ôf is der eltse wike merk yn it doarp, en ek wie der in it foar- en neijier in feemerk. De boeren brochten destiids harren bûter nei de Bûterwaach, no kantoar, en harren nôt nei de Korenbeurs.
It eardere doarp Koartsweagen is troch de grutte útwreiding oan De Gordyk fêstgroeid. Der wiene eartiids trije skipshellings, in touslaggerij en twa kalkûnen. Om 1900 hinne stiene der noch seis molens. De Gordyk hie earder in lânbou- húshâldskoalle. Der wienen fabriken dy't berneweinen en lânbou-ark makken.

Eardere mûnen [bewurkje seksje]

De seis mûnen dy't hjir om 1900 noch stiene, wiene:

  • De nôtmûne "De Morgenster" op it terrein fan de Metaalyndustry De Jong B.V.
  • In houtseachmûne oan de Molewâl fan Van der Sluis en Posthuma (dizze mûne stiet no yn Makkingea).
  • De twadde nôtmûne, oan de Mounewâl.
  • In runmûne, dêr't ikebast meald waard ta run foar de learloaierij, sie oan de Tsjerkewâl.
  • De tredde nôtmûne "De Vlieger" stie oan de ein fan de Brouwers­wâl.
  • Dêr't no in wei lâns de Miente rint, stie nôtmûne De Hoop". De wei is hjir nei neamd.

De joadske gemeente [bewurkje seksje]

Yn De Gordyk wenne ek lange tiid in grutte groep joaden. De earste joaden festigen harren oan it ein fan de 18e ieu yn De Gordyk om't dêr gjin ekonomyske beheinings wienen. Om 1800 hinne wie de groep grut genôch om der in gemeente op te setten. Der waard yn Koartsweagen oan de Dwersfeart in stik lân oankocht foar in begraafplak. Ek kaam der yn 1817 in synagoge. Oan de ein fan de 19e ieu wie it tal joaden it grutste, sa'n 180. Letter wiene dat der minder en nei de Twadde Wrâldkriich noch minder, yn 1947 is de joadske gemeente gearfoege mei dy fan Ljouwert. De synagoge is ôfbrutsen yn 1953; wol hat de gemeente Opsterlân it joadske begraafplak noch yn ûnderhâld. Yn de oarloch wie it relatyf rêstich op de Gordyk, hoewol't der frijwat minsken op ien of oare wize yn it ferset sieten. Oan de foarjûn fan de befrijing hat der noch sjitterij west om de brêge yn de Haadstrjitte, nu neamd nei de sneuvele Gerke Numan. Yn de omkriten fan De Gordyk wienen ek ûnderdûkadressen. Yn de besettingstiid waarden yn de omkriten ek in oantal Alliearde fleantugen delsjitten, wêrfan in Amerikaanse bemanning fan seis persoanen tsjintwurdich begroeven leit op it tsjerkhôf fan De Gordyk.

Tal joaden yn De Gordyk en omkriten:

  • 1798: 39
  • 1809: 70
  • 1840: 153
  • 1869: 186
  • 1899: 137
  • 1930: 47[1]

Bedriuwen [bewurkje seksje]

Gruttere bedriuwen binne ûnder oare Rinsma frouljusklean, timmerfabryk de Vries, Van Wijnen bou en Baarsma dranken.

De RVS-produksjeôfdieling fan Stork RVS is ticht. Stork Fryslân - as ûntwerper en leveransier fan yndampers en droegers - is oernomd troch Tetra Pak en yn febrewaris 2009 oergien nei It Hearrenfean. Wol is der noch it technologysintrum "CRO" - nije Tetra Pak-namme "PDC" oan de Wetterwille.

Ut omlizzende doarpen wei komme minsken faak nei De Gerdyk foar wurk, winkels en de supermerken. De Gerdyk hat de winkelferiening WHI. It parkearen is gratis yn it sintrum.

Sintrum [bewurkje seksje]

De Gerdyk hat in sintrum, dat as in lint beboud is bylâns de Opsterlânske Kompanjonsfeart. Lykas de Brouwerswâl, Molewâl, en Langewâl. Dizze wurdt kruse troch de Haadstrjitte. Buerten as it Leantsje, De Helling en De Vlecke binne bejin jierren santich boud. Yn de jierren tachtich binne strjitten ûntwikkele as de Spinnerij, Brouwerij, Wolkjimmerij, Weverij, Mouterij en Kuperij. Lêste projekt is plan Loevestein, dat yn meardere fazes oplevere wurdt. Dizze wyk bringt De Gerdyk en Lippenhuzen tichter nei elkoar ta.

Tsjerken [bewurkje seksje]

Hoewol't De Gerdyk in benammen "read" (sosjalistysk) doarp is, Domela Nieuwenhuis kaam fan dizze kanten, hat it meardere tsjerkegenoatskippen, sa as de katolike tsjerke, in protestantse gemeente, Meniste gemeente, Eben Haëzer, en de Jehova's Tsjûgen. De Gordyk hat sûnt begjin 1683 syn eigen Nederlânsk Herfoarme tsjerke. Yn de 12e ieu wie der in tsjerkeklok. Dy waard yn 1896 te keap oanbean en is no yn it Ryksmuseum te finen.

Gerdykster Merk [bewurkje seksje]

De Grdyk mei sûnt 1694 alle woansdeis in wykmerk hâlde. De bekende woansdeitemiddeimerk is in oerbliuwsel fan de eardere wykmerk. Ut dy tiid komt ek de foarjiers- en neijiers-feemerk, wêrby't respektyflik de kij fan'e stâl of op'e stâl moasten. De boeren brochten doe harren bûter nei de Bûterwaach, no kantoar, en harren nôt nei de Korenbeurs. Diz­ze lêste hat lang in herberch west, mar no opnomd troch Van Campen en Dijkstra oan de Brouwerswâl hoeke Haadstrjitte. Mei de groei fan it plak groeide ek de yndustry. Der hawwe hjir trije skipswerven, in touslaggerij en twa kalkûnen west. Koartsweagen is troch de ieuwen hinne in boeredoarp bleaun.

Utgean [bewurkje seksje]

Yn de jierren santich wie hjir it kafee "Double Barrel", dizze útgeansgelegenheid is lykas diskoteek "de Overtoom", op itselde bedriuwenterrein, sluten. De measte jongeren út De Gordyk geane "stappen" op It Hearenfean, Drachten, Grins en bytiden ek Sânhuzen en Mearum. Der binne in pear kroegen yn de haadstrjitte, twa snackbars en in shoarmasaak. De Vergulde Turf is in lunchgelegenheid mei as ienige in grut terras. De kroegen lûke in lyts mar fêst publyk. Begjin 1900 wienen der op De Gordyk mear as 100 (lytse) (húskeamer) kroegen en broude De Gordyk syn eigen drank: Gerard Brons bearenburch en jenever. Dit siet yn de Haadstrjitte. Brons bestiet noch altiten, mar wurdt makke troch Boomsma BV yn Ljouwert.

Mienskip [bewurkje seksje]

Pleatslik Belang praat geregeld mei de gemeente en oare ynstânsjes en behertiget de belangen fan de ynwenners. De streekkrante fan De Gerdyk hjit De Woudklank. De Boargemaster Harmsmaskoalle foar fuortset ûnderwiis en De Flambou, De Vlieger, De Librije, Trimbeets, De Tsjerne fersoargje it basisûnderwiis. De Turfrûte rint troch it doarp. Der binne wol alve buertferienings: Boppewei, De Brouwer, Efter de Skoalle, Heerenacker/Langewal, De Klokkestoel, Koartswegen, It Labyrint, Loevestein, Mouterij/Rattelwacht, Spinnerij en Tsjerkewâl.

Ferienings [bewurkje seksje]

  • Interlude - fokaal ensemble
  • Wurkgroep Histoarje Opsterlân
  • Feriening foar Natuerbeskerming
  • Fûgelwacht De Gordyk
  • Frysk Sjongkoar
  • Badwei, Krûmelpôle, Spinnepret - boarterstún
  • It Fortún, Ons genoegen - kaarten
  • LDODK - kuorbal
  • Isis - swimmen en polo
  • Fuotbalferiening De Gordyk - fuotbal
  • Reva - follybal
  • Stânfries - gymnastyk
  • Kodokan - judo
  • De Wrotters - rugby
  • Hâld moed - iisklup
  • BCG De Gordyk - badminton
  • Menferiening, De Lytse Fjildruters, De Skânsruters - hynsteriden
  • Flot en Fleuring, Frij en Blij - dûnsjen
  • Kom Wer - postdowen

Bekende Gordyksters [bewurkje seksje]

Befolking [bewurkje seksje]

Skoallen [bewurkje seksje]

Yn 2009 inne der mar leafst fiif basisskoallen wêrûnder de Vlieger, de Tsjerne, de Flambou, Trimbeets en kristlikede Librije. Middelber ûnderwiis is fertsjintwurdige troch de Boargemaster Harmsmaskoalle, earder in middenskoalle. Foar hafû en fwû is men oanwiisd op It Hearenfean (12 km) en Drachten (16 km). Ynstellingen foar hbû binne y Ljouwert, Grins en Swol.

Strjitten [bewurkje seksje]

De strjitten yn De Gordyk.

Iepenbier Ferfier [bewurkje seksje]

Lin fan ferfierder Qbuzz:

Sjoch ek [bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en referinsjes [bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Webstee fan De Gordyk
  • J.J. Spahr van der Hoek en Joh. Frieswijk - De Vlecke Gorredyck, Fryske Akademy Ljouwert (2000)

  1. Webstee Joadsk Histoarysk Museum