Bintsje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bintsjes

Bintsje is in ierdappelras dat yn 1905 troch de Sumarder haadûnderwizer Kornelis Lieuwes de Vries út in krusing fan 'Meunstersen' mei 'Frânsen' kweekt waard. It ras kaam yn 1910 foar it earst yn de hannel.

It is in middenier rypjend ras mei in goede knolfoarm en treflike konsumpsjekwaliteit. De jirpels binne sawol geskikt foar de farske konsumpsje as foar de jirpelyndustry (patat en sjips). De blanke knollen binne grut, lang aairûn en frij flakeagich. Se binne ljochtgielfleizich fan kleur. Se hawwe in neutrale smaak en binne frij fêst yn it koaitsjen.

De plant is tige gefoelich foar fytoftora, sawol yn it lof as yn de knol. Hy is ek fetber foar wartsykte. Fanwege dizze gefoelichheid foar fytoftora hawwe de grutwinkelbedriuwen ûnder druk fan de miljeubeweging de ferkeap fan Bintsje staakt, wylst se it ras Bildtstar, dat noch gefoeliger is, wol ferkeapjen bliuwe. Dochs wurde Bintsjes noch in soad ferboud. Foarstanders fan it ras beweare dat de miljeulêst troch it lytsere tal bespuitingen uteinlik geunstiger útfalt as by oare rassen.

Kornelis Lieuwes de Vries[bewurkje seksje | edit source]

Kornelis Lieuwes de Vries waard op 25 febrewaris 1854 yn Hurdegaryp berne. Yn 1881 troude hy mei Grytsje Hommes de Jong. Ut dit houlik kamen seis bern. Nei it ferstjerren fan syn earste frou (1895) troude er 1897 twads mei Afke de Glee. Ut dit houlik kamen noch twa bern. De Vries ferstoar op 20 novimber 1929.

De Vries wurke oant syn ienentweintichste op de pleats en learde dêrnei foar ûnderwizer. Fan 1883 ôf wie hy haadûnderwizer oan de iepenbiere legere skoalle fan Sumar. Yn 1894 helle hy de lânbouakte en yn 1901 de túnbouakte. Neist syn wurk as skoalmaster joech hy ek lânbouwinterkursussen. De Vries wie lid fan de Fryske Maatskippij fan Lânbou. Al yn 1898 frege de Maatskippij him in proeffjild foar de jirpeltylt yn te rjochtsjen, wat hy 25 jier behearde. Hy kweekte yn fiifentweintich jier sa'n 150 rassen, mar allinnich it bintsje waard in súkses. Hiel lang hat it bintsje it wichtichste jirpelras op Nederlânske menu's west.

Bintsje Jansma[bewurkje seksje | edit source]

De Vries neamde syn nije jirpelrassen nei syn bern, learlingen en âld-learlingen. Sa waard yn 1905 it bintsje ferneamd nei de doe 17-jierrige âld-learlinge Bintsje Jansma, dochter fan Minke en Teade Jansma. Se waard yn 1888 berne en wie 88 jier âld doe't se yn 1976 yn in rêsthûs yn Frjentsjer stoar. Fierders wienen der ek bygelyks it Tryntsje en de Sipe.