Friesland Bank

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Friesland Bank
Haadkantoar Friesland Bank yn Ljouwert
Basis ynformaasje
Namme Friesland Bank BV
Oprjochte 1913
Haadfestiging Ljouwert
Wurknimmers 1.000
Produkten Belizzings, finânsjes,

hypoteken, fermogensbehear

Omset €379,7 miljoen (2006)
Omset €106,9 miljoen (2006)
Webside Friesland Bank

De Friesland Bank BV wie oant 13 desimber 2013 is in selsstannige Nederlânske finansjele tsjinstferliener. It bedriuw wie benammen yn Fryslân aktyf. Ek yn de noardlike provinsjes Grinslân, Drinte, Oerisel en Noard-Hollân hie it bedriuw festigings sitten. Der hawwe likernôch 1.000 minsken bij de bank wurke. Yn 2012 hawwe Rabobank Nederland en Friesland Bank bekend makke dat Friesland Bank folslein in dochterbedriuw wurde sil fan Rabobank Nederland.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De skiednis fan de Friesland Bank giet werom nei 1913. Yn dat jier iepent de Coöperatieve Zuivelbank in festiging. Yn dizze tiid hat de bank benammen klanten by de Fryske bedriuwen yn it agrarysk fakgebiet en by de oerheid.

De bank slút letter in tiid oan by de Coöperatieve Centrale Raiffeisenbank. Mar nei 1963, doe’t de Raiffeisenbank fusearre mei de Boerenleenbank, gie de bank wer selsstannich troch. Fan dan ôf giet de bank harren mear op partikulieren rjochte en wurde der festigings troch hiel Fryslân iepene.

Yn 1970 wurdt de namme yn Friesland Bank feroare.

Oant 1990 is de Friesland Bank allinnich yn Fryslân aktyf. Mar yn dat jier wurdt besletten om ek yn oare (noardlike) provinsjes festigings te iepenje. Der komme kantoaren yn bygelyks Alkmar, Assen, Ynskedee, Grins, Swol en Amsterdam. In jier letter wurdt der fusearre mei de Fryske Bûnssparbank. Yn 2007 nimt de Friesland Bank Bank Bercoop oer.
Op 2 april 2012 lieten Rabobank Nederlân en Friesland Bank witte dat Friesland Bank in 100% dochter fan Rabobank Nederland wurde soe.

Organisaasje[bewurkje seksje | edit source]

Neist de bank sels hat Friesland Bank NV ek noch in tal dochterûndernimmings.

  • Friesland Bank Assurantiën B.V.: Halt him besich mei de ferkeap fan fersekerings.
  • Aecum B.V.: Fersoarget de útfier fan kollektive pensjoenen.
  • Friesland Bank Investments B.V.: Dizze ûndernimmings nimt nammens de Friesland Bank diel yn oare ûndernimmings.

De bank is (grut)oandielhâlder yn de Binckbank (10%), F. Van Lanschot Bankiers (28%) en de Triodos Bank (6%).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]