Fyftjinde Alvestêdetocht

Ut Wikipedy
Fyftjinde Alvestêdetocht
De rûte fan 'e 15e Alvestêdetocht (mei de klok mei)
De rûte fan 'e 15e Alvestêdetocht (mei de klok mei)
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Fryske alve stêden
datum 4 jannewaris 1997
evenemint Alvestêdetocht
edysje 15
bysûnderheden
soarte evenemint reedriderstocht
org. troch Fer. De Fryske Alve Stêden
winner(s) Henk Angenent
Klasina Seinstra
winnende tiid 6:49:18 oeren
6:49:18 oeren
tal dielnimmers 301 wedstrydriders
16.387 toerriders
offisjele webside
www.elfstedentocht.nl

De Fyftjinde Alvestêdetocht wie de fyftjinde offisjele edysje fan 'e Alvestêdetocht op redens, dy't ferriden waard op 4 jannewaris 1997. Dizze reedriderstocht waard organisearre troch de Feriening De Fryske Alve Stêden. De winner by de manlju wie Henk Angenent út Alfen oan de Ryn, mei in tiid fan goed 6 oeren en 49 minuten. By de froulju, foar wa't by dizze edysje foar it earst in offisjele wedstryd los fan dy foar de manlju organisearre waard, wie Klasina Seinstra fan Sint-Jânsgea de winneresse. Hja die oer de tocht likernôch in oere langer as Angenent.

Utskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1997 wie der alwer yn gjin alve jier in Alvestêdetocht holden. Begjin 1996 griep de Alvestêdekoarts noch fluch om him hinne doe't it der eefkes op liek dat de tocht ferriden wurde kinne soe, mar dat rûn op 'e non doe't it al rillegau wer teiwaar waard. Ein desimber 1996 begûn it lykwols frij hommels hurd te friezen. De measte lju ferwachten dêr net folle fan, mei't Alvestêdetochten histoarysk oer it algemien ein jannewaris of yn febrewaris plakfûn hawwe, mar de froast sette troch. Op 2 jannewaris belei it bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden in gearkomste, dêr't op besletten waard de Fyftjinde Alvestêdetocht út te skriuwen foar sneon 4 jannewaris. Foarsitter Henk Kroes makke dat neitiid op in parsekonferinsje bekend mei de wurden "It giet oan!"

Belangstelling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fuortendaliks gie it tal tillefoantsjes út 'e rest fan Nederlân nei Fryslân omheech fan 10.000 oant 25.000 de fiif minuten. Noch deselde deis wiene alle hotelkeamers yn Ljouwert besprutsen. Tûzenen ynwenners fan Fryslân melden har by VVV Fryslân oan mei it oanbod om fergees reedriders ûnderdak te bieden. Der wiene lju dy't as taskôger út oare provinsjes oerkamen, dy't willekeurich Friezen opskillen yn 'e hope in sliepplak te finen. Yn totaal waard Fryslân binnen twa dagen tiid oerspield troch oardel oant twa miljoen lju fan bûten.

Dêrûnder wiene ek in protte meiwurkers fan 'e ûnderskate media, yn totaal nei skatting sa'n 2.000 man. De NOS allinne al sette foar de live ferslachjouwing fan 'e Fyftjinde Alvestêdetocht 400 man yn, wêrûnder sechstjin ferslachjouwers by de rûte lâns, alve regisseurs, trije motors, trije helikopters en santich kamera's mei betsjinjend personiel. It ferslach fan it evenemint duorre krapoan tweintich oeren. Dêrnjonken stjoerden ek de kommersjele tillefyzjestjoerders en de kranten ferslachjouwers nei Fryslân. Dêropta kamen tillefyzjeploegen út it bûtenlân, û.m. út Belgje, Dútslân, Frankryk, de Feriene Steaten en Japan. Der wiene by de Fyftjinde Alvestêdetocht 1.300 plysjeminsken op 'e foet, mar grutte kalamiteiten diene har net foar.

Waar en iis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wat it waar oanbelange, wie de Alvestêdetocht fan 1997 tige dreech, de swierste sûnt de Tolfde Alvestêdetocht fan 1963. De temperatuer lei moarns om 'e –6 °C hinne en gie middeis net fierder omheech as –3 °C. Boppedat stie der in wyn mei in krêft fan 5 oant 6 Beaufort, dy't makke dat de gefoelstemperatuer wol –10 °C oant –15 °C bedroech, en by wynfleagen soms sels wol –18 °C.

Nettsjinsteande de froast op 'e riiddei sels en yn 'e dagen dêrfoar befette it iis noch in stikmannich swakke punten. Op ferskate plakken waarden dêrom yn tarieding op 'e tocht iistransplantaasjes útfierd. Sa snie de brânwacht yn Snits grutte iisblokken út 'e stedsgrêft bûten it trajekt en lei dy yn in grut wjek op 'e rûte om dat tichtfrieze te litten. Oer it algemien wie it iis lykwols fan goede kwaliteit, en dêr't it tige ûnigaal wie, waarden spesjale apparaten ynset om it glêd te skuorjen. Yn totaal moast der by de Fyftjinde Alvestêdetocht 300 meter klune wurde.

Wedstryd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ljouwert–Harns[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan 'e wedstryd fan 'e Fyftjinde Alvestêdetocht diene 301 reedriders mei, wêrfan 249 manlju en 52 froulju. Dy giene moarns ier om 5.30 oere fan start yn 'e Fryslânhal yn Ljouwert. Nei 1.900 m draven koene se yn 'e ferljochte Swettehaven einlings de redens ûnderbine om oer De Swette yn 'e rjochting fan Snits ôf te setten. De earste reedriders stiene om 5.38 op it iis. Yn it tsjuster ûnderweis nei Snits ûntstie der in kopgroep besteande út Bart Hagen, Yep Kramer, Henri Ruitenberg en Arnold Stam.

Yn Snits wie by de Wetterpoarte it earst klúnplak, dêr't leden fan it Aksjekomitee Alvestêden Nee pikelwetter op it iis getten hiene ûnder it biedwurd hak 'n wak. Om 6.48 oere kamen de earste wedstrydriders, in kopgroep fan fiif man, troch yn Sleat. Under lûd jûchhei fan it massaal tastreamde publyk rieden de mannen neitiid de Sleattemer Mar wer op, dy't op dat punt ferljochte waard mei fakkels. Tusken Sleat en Starum foelen by de oerstek fan 'e Fryske marren en de trochrin fan Gaasterlân de earste riders út. Under harren wie Peter de Vries, ien fan 'e gadingmakkers foar de oerwinning, dy't op 'e Sleattemer Mar by in falpartij syn skouder briek. Hy ried noch troch nei Starum, mar moast dêr opjaan.

In kopgroep besteande út Yep Kramer, Jan Bakker, Jentje de Glee en Edward Hagen kaam om 7.28 oere oan it haad fan it fjild troch yn Starum. Fan dat punt ôf moasten de dielnimmers foar it earst yn 'e wyn op. It wie noch altyd tsjuster doe't se ôfsetten yn 'e rjochting fan Hylpen, dêr't om 7.55 oere in nije seismans kopgroep trochkaam, dy't oanfierd waard troch Piet Kleine. Dyselde miste dêr de stimpelpost en ried troch sûnder ôfstimpele te hawwen, wat letter in protte trelit feroarsaakje soe. Syn selskipslju, Erik Hulzebosch, Jan Bakker, Rob van Meggelen, Bert Verduin en Henri Ruitenberg, lieten har kaarten wól ôfstimpelje.

Massaal útrûne taskôgers by in brechje yn Hylpen by de Fyftjinde Alvestêdetocht.

Om 8.13 oere kaam in kopgroep fan tolve man ûnder lieding fan Hulzebosch troch yn Warkum. Hja hiene in foarsprong fan 4 minuten en 47 sekonden op in groep efterfolgers. Tsjin dy tiid waard it einlings ljocht, sadat de reedriders sjen koene wêr't se rieden en de NOS motors it iis op en helikopters de loft yn stjoere koe om harren te filmjen. Yn Boalsert moast wer in ein klune wurde, en Arnold Stam rêde dat it fluchst op. Hy stimpele sadwaande om 8.42 oere as earste yn 'e Hânzestêd ôf fan in kopgroep dy't fierder bestie út Henk Angenent, Henk van Benthem (de jongere broer fan Alvestêdewinner Evert van Benthem), Bakker, Hagen, Hulzebosch, Kleine, Kramer, Van Meggelen, de bruorren Henri en René Ruitenberg en Verduin. De foarsprong op 'e efterfolgers wie oprûn ta 5 minuten.

Harns–Ljouwert[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tolvemans kopgroep hanthavene him en kaam, nei koarte stikjes klune te hawwen ter hichte fan Wytmarsum, om 9.19 oere troch yn Harns. De efterfolgers berikten dy stêd sân minuten letter. It stik nei Frjentsjer ried Yep Kramer foarop, ek al wied er pynlik kommen te fallen, wêrby't er kniesde ribben oprûn hie. Nei in klúnplak yn 'e Seisbierrumerfeart passearre te wêzen, berikte de kopgroep om 9.48 oere de Akademystêd, dêr't doe troch it publyk al folop feest fierd waard. Tsjin dy tiid hie Hagen him út 'e groep weromsakje litte moatten. Koarte tiid letter foel ek Bakker tebek.

Nei Frjentsjer begûnen de kilometers en de tsjinwyn har tol te easkjen en saksearre it tempo. Underweis nei Bartlehiem troch de saneamde 'Hel fan it Noarden' besocht Henk van Benthem út 'e kopgroep wei te riden. Verduin en Stam joegen har by him en der ûntstie in gat fan in hûndert meter mei de oaren, dat lykwols wer tichte waard. Dêrnei skuorde de groep lykwols midstwa: Angenent, Van Benthem, Hulzebosch, Kleine, Stam en Verduin rieden by Kramer, Van Meggelen en de bruorren Ruitenberg wei. Tsjin 'e tiid dat se Bartlehiem passearren ûnderweis nei Dokkum, bedroech it gat tusken de beide groepen fjouwer minuten. Om 11.38 kamen de seis koprinners troch yn 'e Admiraliteitsstêd. Mei de wyn yn 'e rêch wist de kopgroep it gat mei de fjouwer efterfolgers op 'e weromwei oer de Dokkumer Ie nei Bartlehiem noch danich te fergrutsjen. Verduin besocht te ûntsnappen, mar hy waard troch Angenent weromhelle by de twadde passaazje fan Bartlehiem. Neitiid besocht Verduin it jitris, en ek Angenent en Kleine besochten by de oaren wei te riden, mar dat wie allegear om 'e nocht. Mei noch 3 km te gean koe Stam it oanhâldend wikseljende tempo net mear byhâlde en moast er him tebekfalle litte.

Finish[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken de fiif oerbleaune koprinners ûntstie koart foar de finish op 'e Bonkefeart by Ljouwert in einsprint, wêrby't Angenent en Hulzebosch de oaren al rillegau efter harren lieten. Op 'e einstreek hie Angenent krekt in foege meter foarsprong op 'e teloarstelde Hulzebosch (dy't neitiid de opdiene bekendheid lykwols wist te fersulverjen mei lêzings en in karnavalshit). Angenent kaam binnen mei in tiid fan 6 oeren, 49 minuten en 18 sekonden. Dêrmei waard it rekôr fan 6 oeren, 47 minuten en 44 sekonden fan Evert van Benthem fan 'e Trettjinde Alvestêdetocht fan 1985 krekt net ferbrutsen.

By de froulju wist Klasina Seinstra fan Sint-Jânsgea, dy't op dat stuit swier wie, it by in like spannende einsprint te winnen fan Gretha Smit fan Rouveen. Seinstra kaam binnen mei in tiid fan 7 oeren, 49 minuten en 11 sekonden, likernôch in oere nei Angenent. De Fyftjinde Alvestêdetocht wie de earste edysje wêrby't in wedstryd mei aparte regels foar de froulju optuge waard. Der waarden ek foar it earst prizen útrikt oan 'e trije earste froulju.

Foar de wedstryd waard de tiidlimyt fêststeld op 13.42 oere, 1 oere en 23 minuten nei de oankomst fan 'e winner, oftewol +10% fan 'e tiid dy't Angenent foar it ôflizzen 'e Alvestêdetocht nedich hân hie. Foar de froulju waard de tiidlimyt fêststeld op +30%. Yn totaal kamen 122 wedstrydriders binnen dat tiidsbestek oer de einstreek, wêrfan 112 manlju en 10 froulju. De 179 dielnimmers dy't dat net slagge, waarden neffens de regels fan 'e wedstryd diskwalifisearre. De bêst klassifisearre bûtenlanner yn 'e wedstryd wie de Portegeeske Nederlanner Fausto de Oliveira Marreiros út Velserbroek, dy't tsiende waard. In Lauri Paalasmaa út Finlân waard 24e, op 38 minuten nei Angenent, wylst de 'Nederbelch' Bart Veldkamp 29e wie, op 39 minuten. Der die ek in echte Belch mei oan 'e wedstryd, in Eric Peirs út Beverlen-Leie, dy't 103e waard mei in efterstân fan 1 oere en 13 minuten.

Utslach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Henk Angenent yn 2012.

Manlju[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

posysje dielnimmer wenplak tiid
1 Henk Angenent Alfen oan de Ryn 6:49:18
2 Erik Hulzebosch Gramsbergen 6:49:18
3 Bert Verduin Heemskerk 6:49:19
4 Henk van Benthem Ens 6:49:23
5 Arnold Stam Sprang-Capelle 6:50:07
6 Ruud Borst Leiderdorp 7:00:24
7 Hans Pieterse Diemen 7:00:24
8 Yep Kramer Aldskoat 7:00:24
9 Willem Poelstra Hijum 7:01:18
10 Fausto de Oliveira Marreiros Velserbroek 7:01:18

Froulju[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

boarne oankomsttiden: Uitslag Elfstedentocht, yn: Trouw, 6 jannewaris 1997

posysje dielnimmer wenplak tiid
1 Klasina Seinstra Sint-Jânsgea 7:49:11
2 Gretha Smit Rouveen 7:49:12
3 Boukje Bron Jobbegea + 3 min.
4 Jenita Smit Rouveen selde tiid
5 Jolanda Duivenvoorden-Grimbergen Noardwyk (Grinslân) + 37 min.
6 Alida Pasveer Grins + 44 min.
7 Neeke Smit Lies (Skylge) + 49 min.
8 Janneke Dickhout Amsterdam + 53 min.
9 Marion Borst Leiderdorp selde tiid
10 Sonja Groot Amstelfean selde tiid

Trelit om it krúske fan Kleine[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neitiid ûntstie der trelit om it al of net takennen fan in Alvestêdekrúske oan Piet Kleine. Dyselde wie in Olympysk kampioen hurdriden dy't letter as postrinder wurke en winterdeis yn syn frije tiid oan maratonriden die. By de Trettjinde Alvestêdetocht yn 1985 koed er net meidwaan om't er gjin lid fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden wie. Yn 'e Fyftjinde Alvestêdetocht wied er ien fan 'e koprinners, mar hied er syn stimpelkaart yn Hylpen net ôfstimpelje litten. (Konferansier Youp van 't Hek lei dat letter sa út: Kleine seach by trochkomst yn Hylpen steatssekretaris fan Sport Erica Terpstra by de stimpelpost stean, dy't him tarôp fan "Kom hjir, Piet, dan krijst in grouwe tút fan my!" Doe tocht Kleine: "Lit dat krúske mar oan my foarby gean," en ried er hurd troch.)

Kleine sei sels dat er sa fan 'e entûsjaste minskemannichte yn Hylpen ûnder de yndruk wie, dat it ôfstimpeljen him fergetten wie. Hy woe hawwe, op 'e tillefyzje wie dúdlik te sjen dat er troch Hylpen kommen wie, dat it makke neat út dat er net ôfstimpele hie. It bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden tocht dêr oars oer: it ôfstimpeljen wie in yntegraal ûnderdiel fan 'e tocht, en as men immen beleanje soe wylst er in stimpel miste, dan liet tenei eltsenien it ôfstimpeljen gewurde as dat sa útkaam en wie de hikke fan 'e daam. Kleine waard dêrom diskwalifisearre en út it einklassemint skrast. Dêr makke de man sa'n opskuor om, dat úteinlik besletten waard him dan dochs mar in Alvestêdekrúske ta te stjoeren. Dat kaam lykwols mei kearende post werom, want Kleine wie doe sa lulk dat er it net mear hawwe woe.

Toertocht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan 'e toertocht fan 'e Fjirtjinde Alvestêdetocht diene 16.387 riders mei. Fan harren rieden 11.338 (oftewol 69,2%) de tocht út. Se setten om 'e healoere by groepen nei de wedstrydriders út Ljouwert ôf. In ûnbekend tal 'swartriders', reedriders sûnder ynskriuwing of stimpelkaart, ried de Alvestêdetocht ek. Oan 'e toertocht diene ek twa bekende Noarske eardere hurdriders mei, Johann Olav Koss en Geir Karlstad, dy't allebeide de einstreek en dêrmei in Alvestêdekrúske behellen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: Bronnen/noten, op dizze side.


Alvestêdetocht
alvestêdetochten foàr 1909 • Earste Alvestêdetocht (1909) • Twadde Alvestêdetocht (1912) • Tredde Alvestêdetocht (1917) • Fjirde Alvestêdetocht (1929) • Tolhúster Alvestêdetocht (1929) • Fyfde Alvestêdetocht (1933) • Sechsde Alvestêdetocht (1940) • Sânde Alvestêdetocht (1941) • Achtste Alvestêdetocht (1942) • Njoggende Alvestêdetocht (1947) • Tsiende Alvestêdetocht (1954) • Alfde Alvestêdetocht (1956) • Tolfde Alvestêdetocht (1963) • Trettjinde Alvestêdetocht (1985) • Fjirtjinde Alvestêdetocht (1986) • Fyftjinde Alvestêdetocht (1997) • Alternative Alvestêdetocht