Lies

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
lizzing fan Skylge

Lies is in doarp op Skylge. Lies leit tusken Hoarn en Formearum oan de Skylger Polder. Op 1 jannewaris 2005 hie Lies 165 ynwenners. It doarp bestiet út in kearn fan pleatsen en wenten bylâns de Skylger haadwei en in twatal lytsere kearnen benoarden it doarp: Kathoek en Noardhoek. Ek it rekreaasewententerrein De Duunt heart by Lies.

Noardeastlik fan Lies, op de grins mei it doarp Hoarn, leit in lyts elzehakhoutbosk, de Lergerbosk.

Op Skylge wurdt in ynwenner fan Lies oantsjutten as Lerger.

In de dunen benoarden Lies leit it grutte reservaat de Koegelwieck. It Liesinger- of Liesterplak, yn it súdwesten fan dit reservaat, wurdt by't winter troch de ynwenners fan Lies as iisbaan brûkt.