Jobbegea
|
||||||||||||||||||||||
Jobbegea (Nederlânsk: Jubbega, Stellingwerfsk: Jubbege of Schurige) is it twadgrutste plak yn de gemeente It Hearrenfean. It doarp leit yn de noardeastpunt fan de gemeente. It hat likernôch 3.350 ynwenners.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Untstean
Jobbegea is in dûbeld streekdoarp dat yn de rin fan de 17e ieu ûntstien is. Earst as agrarysk doarp oan de ferbiningswei fan Aldskoat nei Donkerbroek yn Eaststellingwerf dy‘t eartiids de Binnenwei neamd waard en no Skoatterlânskewei hjit. It wie de ûntsluting foar de ferspraat steande bebouwing. Súdlik fan dizze as leit ek noch de bûtenwei, mar dy wie healwei de 19e ieu al wer ferfallen. Oan de Berkeaperwei stiet by de in de jierren 1886-1888 kanalisearre Tsjonger in wyt ferve slûswachtershûs yn de sjaletstyl. It is ien fan de rige fan soksoarte wachtershuzen dy‘t om 1890 hinne oan de Tsjonger boud binne. It wachtershûs leit by de twadde slûs yn de Tsjonger, dy‘t wol feroarings ûndergie, mar mei wenning en in slanke, izeren flapbrêge de tiid fan doe werombringt. Noardlik fan de dyk leinen hege feanen en dêr kaam yn ‘e rin fan de 18e ieu troch de turfwinning in twadde wenkearn ta ûntwikkeling by de yn 1774 boude tredde slûs yn de Skoatterslânske Kompanjonsfeart.
[bewurkje seksje] Gea
- Jobbegea hat in protte bebosking om it doarp. Der is ek in hartekamp mei harten, geiten en einen.
- Yn de maaitiid fan 1994 waard it doarp teheistere troch in protterpleach.
[bewurkje seksje] Mienskip
Pleatslik belang Jobbegea/Hoarnstersweach komt op foar de belangen fan beide doarpen en hat gearkomsten yn doarpshûs 't Pipegealtsje. De stifting Ferdivedaasje Jobbegea is der om inisjativen fan de befolking op it mêd fan kulturele aktiviteiten te stimulearjen en út te fieren. Der binne seis buertferienings: "By jûn útfûn", "DEG", "De Skoatterstreek", "Tusken de Wiken", "Tjelle Boskje" en "De Lantearne". Der is ek in iepenloftswimbad oan de Leidyk.
[bewurkje seksje] skoallen en winkels
Jobbegea hat trije basisskoallen: OBS De Feart, OBS Master J.B. Kanskoalle en de kr. basisskoalle Fan ’e Wiken. It doarp hat in winkelsintrum mei û.o. in supermerk (C1000), in doch-it-sels saak, in drogist (Schlecker), in elektronikasaak, twa moadesaken Moadehûs Blaauw en Eijer fashion&underwear, in meubelsintrum, in fytsspesjalist De Singel en kapsalons t Slúske, Knypeach en Ans. Sintraal yn it doarp stiet it multifunksjonele sintrum de Expansiehal mei in sporthal, in buerthûs/jongereinsintrum De Stoater en in iepenbiere bibleteek. Yn 2009 waard it sintrum "De Kompanije" útwreide mei soarchwenten en in tsjinstesintrum. Dêrneist binne dêr de kristlike basisskoalle Fan 'e wiken en IBS De Feart tegearre ûnder ien dak kommen.
[bewurkje seksje] Eveneminten
Ienris yn de fiif jier is der in grutte, fiif dagen duorjende konsumintenbeurs mei tsientallen standhâlders. Tagelyk wurde ferskate feesten organisearre. Ien fan de ûnderdielen fan de Ekspansje is de oanklaaiïng fan it doarp. De lêste Ekspansje, dy't tûzenen besikers luts, waard fan 13 oant en mei 17 septimber 2007 holden.
Elk jier wurdt op himelfeartsdei op de P.W. Janssenweg de Nederlânske Kampioenskippen Brommersprint holden. In wedstryd oer 150 meter wêr't maksimaal 200 dielnimmers oan meidwaan kinne en wêr't minsken út it hiele lân op ôf komme. Turfpop is in festival dat jierliks hâlden wurdt.
[bewurkje seksje] Ferienings
- Stille Wille - iisclub
- Fleurich Fierder - toaniel
- Wordt Kwiek - kuorbal
- Fuotbalferiening Jobbegea - fuotbal
- PKV - plomfee en kninen
- O & O - Toaniel
- Wordt Kwiek - Follybal
[bewurkje seksje] Stifting Ferdivedaasje Jobbegea
De stifting Ferdivedaasje Jobbegea is in der om inisjativen fan de befolking op it mêd fan kulturele aktiviteiten te stimulearjen en út te fieren.
Yn neifolging fan de iepenloftspullen fan 2004 (Hurd om Hut) en 2008 (De Krytsirkel) sil yn 2011 it iepenloftspul De Skippershûn yn Jobbegea opfiert wurde. Op http://www.ferdivedaasje-jobbegea.nl kinne jo ynformaasje en foto's fine.
[bewurkje seksje] It Sjongfolk
't Sjongfolk (fan Folk sûnder oeren) komt út Jobbegea. It is in mingd koar fan sa'n 30 leden dat foaral lietsjes fan en út de streek sjongt. Ek sjongt it koar yn revu’s en by iepenloftspullen. It koar sjongt net allinnich yn it Frysk mar ek in oare talen, faak nûmers út bekende produksjes. De lieding fan it koar is yn hannen fan Geert van der Schoot.
[bewurkje seksje] Befolking
| 1954 | 1959 | 1965 | 1969 | 1974 | 1999 | 2001 | 2003 | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| 2923 | 3001 | 2928 | 3018 | 2958 | 3260 | 3330 | 3360 | 3270 | 3372 | 3359 | 3316 | 3338 | 3363 | 3350 |
[bewurkje seksje] Iepenbier ferfier
Line fan ferfierder Qbuzz:
- Line 13: Stienwyk - Eesfean - Nijensleek - Frederiksoard - Willemsoard - Noardwâlde - Sânhuzen - Aldeberkeap - Aldhoarne - Jobbegea Skuorregea - Jobbegea - Lippenhuzen - De Gerdyk - Terwispel - Drachten - Nijtap - Rottefalle - Surhústerfean - De Harkema - Droegeham - Koatstertille - Jistrum - Noardburgum - Quatrebras - Hurdegaryp - Tytsjerk - Ljouwert
- Line 15: It Hearrenfean - Aldskoat - Mildaam - Ketlik - Nijhoarne - Aldhoarne - Jobbegea Skuorregea - Jobbegea - Hoarnstersweach - Donkerbroek - Easterwâlde - Appelskea - Smilde - Bovensmilde - Assen
[bewurkje seksje] Strjitten
Alle strjitten fan Jobbegea.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
- Fryske doarpen.
- Klokkestuollen yn Fryslân.
- Dokumintaasjesintrum Jobbegea-Skuorregea-Hoarnstersweach.
- De Frije Wiken.
