Sleattemer Mar

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Satellytfoto fan de Fryske marren
Sleattemer Mar winterdeis

De Sleattemer Mar is in mar fan 140 ha. tusken de plakken Sleat, Balk, en Wâldsein. Twa mei tûnen oanjûne farwetters ferbine dizze plakken mei inoar. De mar is net botte djip en bûten de fargeul bytiden mar 1,20 m. djip. Oan de eastkant fan de fargeul is de wetterdjipte mar sawat ien meter, en ek it Wikeler Hop is ûndjip.