Balk
|
|||||
| Gemeente | Gaasterlân-Sleat | ||||
| Ynwennertal (2004) | 3460 | ||||
| Webstee | Webstee Balk | ||||
Balk is it haadplak fan de gemeente Gaasterlân-Sleat. De flekke leit oan de súdwestkant fan de Sleattemer Mar. Balk is it grutste plak fan de gemeente mei likernôch 3.560 ynwenners (2004).
Ynhâld |
Skiednis [bewurkje seksje]
Balk leit tusken Harich en Wikel. Troch de flekke streamt it rivierke De Luts. Balk soe ûntstien wêze by in balke oer it rivierke; dêrom de namme. Letter is der yn alle gefallen in brêge boud. Yn it earstoan hearde Balk by Harich. Yn 1585 waard it troch Spaanske soldaten út Grins plundere. Balk waard yn de 18e ieu woltierich troch de bûterhandel, en yn alle gefallen yn de 19e ieu is wie it in selsstannige flekke wurden. Yn 2010 is as oantinken in grutte balke komd lâns de Luts.
Balk hie fanâlds ferskate leauwensmienskippen. Ien dêrfan wie de gemeente fan Menisten yn Balk, dy't tige strang yn'e lear wie. Yn it midden fan de 19e ieu is in grutte groep nei Amearika útwykt om har dêr yn de omkriten fan Goshen yn de steat Indiana te festigjen. In gevelstien yn Balk ferwiist noch nei dy âlde leauwensmienskip.
Gebouwen [bewurkje seksje]
Balk hat in histoaryske kearn, mei in riedhûs út 1615. Oan De Luts stean in soad monumintale hals- en trepgevels mei bysûndere gevelstiennen, sierankers, ingelekopjes en sniene boppeljochten. It eardere feefoerfabryk De Volharding sil wierskynlik sloopt en opnij opboud wurde. De Sint-Ludgerustsjerke is de roomske tsjerke út 1883.
Wettersport [bewurkje seksje]
Hjoed-de-dei is Balk in sintrum foar de wettersport. Oan De Luts is sylskoalle de Ulepanne, mearfâldich winner fan de Nederlânske Sylskoalle Kampioenskippen. In grutte jachthaven leit oan de râne fan de Sleattemer Mar. Foar fytsers en silers fart der in tradysjoneel skûtsje as silend beurtfear tusken Heech en Balk. Yn de wintermoannen wurdt út Balk wei op de Sleattemer Mar om de Bearenburchcup syld.
Herman Gorter [bewurkje seksje]
De flekke en it rivierke soenen de dichter Herman Gorter, dy syn pake yn de 19e ieu meniste predikant wie yn Balk, ta syn beroemde gedicht "Maaie" ynspirearre hawwe. Dêryn sprekt er lykwols net fan in flekke, mar fan in stedsje; en net fan in rivierke, mar fan in wettergrêft:
- Een nieuwe lente en een nieuw geluid
- Ik wil dat dit lied klinkt als het gefluit
- Dat ik vaak hoorde voor een zomernacht
- In een oud stadje, langs de watergracht.
(In nije maitiid en in nij lûd; ik wol dat dit liet heart krekt as it fluitsjen dat ik faak hearde foar in simmernacht yn in âld stêdsje, by de wettersgrêft.)
As in oantinken stiet oan De Luts in stânbyld fan de dichter
Mienskip [bewurkje seksje]
Yn Balk en omkriten ferskynt in krante; de Balkster Courant. De Balkster Splinter foar de Balkster fan it jier waard útrikt oan:
- Sieb en Roelie Berkenpas
- Egbert Batteram
- Egbert Kroes
Bekende Balksters [bewurkje seksje]
- Jetze Doorman - (1881 - 1931), skermer
- Johannes van Hout (1905-1972), boargemaster
- Jouke de Vries - (1960), politikolooch.
Ferienings [bewurkje seksje]
- Fuotbalferiening Balk
- Iisklup Balk
- De Bears - fiskjen
- Fûgelwacht
Befolking [bewurkje seksje]
Berne yn Balk [bewurkje seksje]
- Ysbrand Balck (±1525), Predikant
- Anne Meines (1814), Boargemaster
- Jetze Doorman (1881 ), Frysk Skermer
- Johannes van Hout (1905), Boargemaster
- Watse Hiddema (1928), genêshear-direkteur
Strjitten [bewurkje seksje]
Alle strjitten yn Balk.
Sjoch ek [bewurkje seksje]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|