Bakhuzen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bakhuzen
Himrik fan  Bakhuzen
Gemeente Gaasterlân-Sleat
Gritenij Gaasterlân
Stimmen 56 (mei Murns)
Ynwenners (2005) 1.026
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 52' NB, 5° 27' EL
Netnûmer 0514
Postkoade 8574
Webstee bakhuizen.nl


Sint Odulphus tsjerke
Sicht fan Bakhuzen rjochting Warns

Bakhuzen is in doarp yn de gemeente Gaasterlân-Sleat, tusken De Moarre en it Murnser Klif. It doarp hat 1.026 ynwenners (1 jannewaris 2005). Oant 1955 wie Bakhuzen mei Murns ien doarp. Bakhuzen leit op de râne fan it pleistosene sângebiet (gaasten) op weagjende boaiem tusken 1-10 meter boppe NAP. It Bakhúster heech is bekend om it moaie útsicht oer de greiden en de "See" (Iselmar). Foar de kust leit het natoergebied de Mokkebank.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De namme Bakhuzen komt yn 1412 foar as Backhysen, letter ek Baccahuzen. It komt wierskynlik fan de foarnamme Bakke. As gebiet sil de namme grif âlder wêze troch it Bakhústerheech, in hichte fan sawat 7 meter fan balstienliem dat ûnderdiel is fan it Bakhústerwaad en it Murnzer Klif. Dat gebiet waard mei de oanlis fan de earste bekende seedyk tusken Murns en Laaksum ynpoldere. Wannear't it wie is ûnbekend, mar de seediken yn Fryslân binne oanlein nei it jier 800. De lêste spoaren fan dy âld dyk binne yn de jierren 70 fan de foarige ieu troch ruilverkaveling hielendal ferdwûn. De earste bewenning wie mooglik op "de Burde", dat buert en of wetterkant betsjutte kin, wetterkant dus de ein fan it klif. De hege grûnen wienen om op te wenjen, it lege "simmerlân" mear foar healân yn 'e simmer. En op de grins by it wetter ûntstie in buert. Tsjintwurdich is "de Burde" it bedriuweterrein. Nei de oanlis fan de seedyk wie de wei nei see ôfsluten, de alde "Bakhústerfeart" as wetterwei. Mooglik is de syl yn de rin fan de tiid geskikt makke foar skippen. Oant ein foarrige ieu wennen yn Bakhuzen in soad skûtsjeskippers. Sûnt 1412 is der in Roomske tsjerke , hearrend by it Benediktiner (Odulfus) kleaster yn Starum. Nei de Reformaasje wie it Roomsk-katolike leauwe ferbean en wie der gjin tsjerke mear yn Bakhuzen. Yn de jieren 1630 en 1657 wie op Elfbergen by Aldemirdum in skûltsjerke. Ek yn in nôtmole tusken Bakhuzen en Himmelum waard der tsjerke, no noch bekend as de "Mole Pôle". Nei 1663 is der wer in roomske tsjerke en waard Bakhuzen in hast hielendal roomske mienskip. In soad ynwenners wienen letter boer of skipper, de fiskerij ferpleatste him nei de oanlis fan de diken nei Murns. Yn it jier 1744 hienen Murns en Bakhuzen tegearre 286 ynwenners en yn 1749, 254, dat wienen 67 húshâldings, 167 persoanen fan 12 jier en âlder en 87 bern ûnder de 12 jier.

Tusken 1950 en 1970 wurken in soad Bakhústers by de firma Mous (stielkonstruksje). Yn 1975 gie it fabryk ticht.

Odulfustsjerke[bewurkje seksje | edit source]

De Sint-Odulfustsjerke fan nei 1412 wie in ûnderdiel fan it Benediktiner kleaster (Sint Odulphus) yn Starum. Nei de Reformaasje wie der gjin roomske tsjerke mear yn it doarp. By Elfbergen en Aldemardum wienen doe wol skûltsjerken. Nei 1663 wie der wer in katolike tsjerke en wienen de measte Bakhústers roomsk. Yn 1914 is der in nije gruttere roomske tsjerke boud, wijd oan St. Odulphus. It is in sobere neogoatyske tsjerke. Hjiryn sitte brânskildere ramen. Binnenyn is in fraai heechalter. Yn de koarromte binne muorreskilderings en der hingje krúsweistaasjes út de âlde tsjerke dy't it ferhaal fan it lijen fan Jezus ferbyldzje.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Bakhuzen hat in doarpshûs: De Gearte. Foar de jeugd is der soas ’t Swalkershûs. Der is ien (katolike) basisskoalle: De Takomst. Jierliks wurdt it Mokkebankfestival hâlden.

Bokkedaam[bewurkje seksje | edit source]

Mei karnaval wurdt Bakhuzen sûnt 1979 omdoopt yn Bokkedaam troch it oerlangjen fan de doarpskaai oan jeugd-karnavalsprins Petrus. Middeis is der faak kostumearre fuotbal, jûns wurde de festiviteiten fuortset en wurde ek delegaasjes fan de fjouwer oare Fryske karanvalsferienings útnoege.

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

A Rampionstrjitte, Ageommeleane, Bakwei, De Burde, De Fûke, De Kei, De Mesk, De Simmen, De Steke, Feartswâl, Gaastwei, Havenstrjitte, Hear Jacobstrjitte, Hollewei, It Skod, J Nagelhoutleane, Koaiwei, Master Dollestrjitte, Middenpaad, Pastoar Coendershof, Plantsoen, Rysterdyk, Sint Odulphusstrjitte, Skuniadyk, Teeuwes de Boerstrjitte, Túnkershof, Watteaustrjitte, Wite Burch, Wytlânspaad.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]