Jiskenhuzen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jiskenhuzen
Himrik fan  Jiskenhuzen
Gemeente Skarsterlân
Gritenij Doanjewerstâl
Stimmen 13
Ynwenners (2004) 438
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 55' NB, 5° 42' EL
Netnûmer 0513
Postkoade 8523
Webstee {{{webstee}}}


Jiskenhuzen is in doarp yn de gemeente Skarsterlân, west fan Sint Nyk. It doarp hat likernôch 438 ynwenners (2006).

De namme Jiskenhuzen is mooglik ôflaat fan in man mei de namme Idske, mooglik in famyljelid fan de Galama's.

Tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

Oant 1936 stie de herfoarme tsjerke fan Jiskenhuzen in ein bûten it doarp, midden tusken de kij en de greiden. It tsjerkje is yn 1936 ôfbrutsen fanwege de minne staat fan it gebou. Oait hawwe der wol mear gebouwen om hinne stien. Der wurdt sein dat der yn Jiskenhuzen in grutte brân west hat, dy’t in grut oantal gebouwen yn de jiske lein hat. Wêrûnder de huzen rûnom it tsjerkje. Yn de earste helte fan de foarrige ieu fûn de boer in soad stiennen en dakpannen yn de grûn.

De eardere herfoarme tsjerke is omboud ta sylskoalle

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

It doarpshûs hjit De Stjelp.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

Berne[bewurkje seksje | edit source]

Tinkstien foar Egbert Douwes
  • Thea Sybesma (1960), triatlete en duatlete, is berne yn Jiskenhuzen
  • Egbert Douwes, grûnlizzer fan de kofjehannel "De witte os" dy't letter útgroeie soe ta it kofje- en teekonsern Douwe Egberts, is hjir berne.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

  • Bramerstrjitte - G. Bramer wie fan 1868-1874 grifformeard dûmny yn Jiskenhuzen. hy rjochte de jongeling- en jonge fammeferiening op. Syn frou stifte in sneinsskoalle.
  • De Greiden - stik lân foar fee
  • De Ikkers - boulân of stik boulân tusken twa fuorgen.
  • Dwersryd - Yn de 16 ieu wie hjir in ryd (wetter). Der is útstelt dat Holle Ryd in bettere namme west hie, nei de holle grûn dêr't eartiids it wetter op stie.
  • It Boerein -
  • Lytse Buorren - sydstrjitte fan de Buorren
  • Lytse Mar - dyk nei it 'Lytse Marke' in oare namme foar Jiskenhúster Mar. It rekreaasjeterrein dêr hjit ek de Lytse Mar.
  • Mastersein - útein fan it doarp dêr't it skoalmastershûs stie. De steatsskoalle is yn 1934 opheft. De measte bern gienen nei ien fan de beide skoallen (oprjochte 1891 en 1923) oan de Noed.
  • Noed - dyk tusken Jiskenhuzen en Sint Nyk. Waard ek wol Doarpwyk of Poelwyk neamd. Noed is in stik lân dat ekstra noed freget omdat it sa sompich is.
  • Stripedyk - nei de smelle stripe lân dat der neist lei.
  • Troelstrawei - nei sosjalistysk foaroanman en Frysk skriuwer Piter Jelles Troelstra.
  • Tsjerkewei - de grifformearde tsjerke dy't yn 1885-1886 boud waard en yn 1920 ferboud.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]