Rûgehuzen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Rûgehuzen
Himrik fan  Rûgehuzen
Gemeente Gaasterlân-Sleat
Gritenij Gaasterlân
Stimmen 15
Ynwenners (2004) 130
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 52' NB, 5° 34' EL
Netnûmer 0514
Postkoade 8564
Webstee {{{webstee}}}


Klokkestoel

Rûgehuzen is in doarp yn de gemeente Gaasterlân-Sleat, súdwest fan Balk. It doarp hat likernôch 130 ynwenners (2004).

East fan Rûgehuzen leit de Bremer Wyldernis, mar it doarp leit ek oan 'e râne fan de Starnumanbosk. Yn de 19e ieu waard hout út dit produksjebosk brûkt om te ferstoken. Steatsboskbehear wol dat dizze bosk tusken Kippenburch en Rûgehuzen wer in grut en rûch oerbosk wurdt.

Efter de Coenderssingel stiet efter de oprydleane it wyt plastere De Mottekamp, oarspronklik in jachthûs of bûtenferbliuw by in boereskuorre fan ûngefear 1880 wêrfan de ôfkomst noch net helder is.

Op it begraafplak stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân. Op it hiem fan in pleats oan de Rûchsterwei stiet in Amerikaanse wynmotor.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Gea

De Starnumanbosk tusken Kippenburch en Rûgehuzen is on oerbos un wurding. Steatsboskbehear lit yn dit produksjebosk út de 19e ieu de natoer gewurde. Mear as hûndert jier lyn waarden de beammen yn it ramt fan de hakhoutkultuer om de 15 jier kapt foar it hout om de bakkersûnen te stoken.

It moat no in wyld grut wâld wurde. De iken wurde no al beselskippe troch bjirken, dinnnen, ferskate moassoarten, farens en poddestuollen.

[bewurkje seksje] Mienskip

In bekende ynwenner fan Rûgehuzen wie hurdrider Jappie van Dijk. Mei Balk en Harich hat it doarp in Oranjeferiening.

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Strjitten

Coenderssingel, J Jurjenssingel, Lutswâl, Rûchhústerwei, Tsjerkhôfleane.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen