Bantegea

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bantegea
Himrik fan  Bantegea
Gemeente Lemsterlân
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen {{{stimmen}}}
Ynwenners (2009) 670
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 50' NB, 5° 47' EL
Netnûmer 0514
Postkoade 8538
Webstee www.bantega.net


Bantegea (Bantega) is in doarp yn Lemsterlân, mei 670 ynwenners (1 jannewaris 2009). Mar 70 fan de 230 huzen stean yn de buorren. Op it begraafplak stiet ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân.

Ynhâld

Skiednis [bewurkje seksje]

Bantegea is it jongste doarp fan Lemsterlân. Nei de Twadde Wrâldkriich waard de buorskip Ychtenpolder feroare ta it doarp Bantegea. Die namme is ôflaat fan it plak Bandt, dat jierren lyn fuortspield is troch de Sudersee. Oan de oare kant hat it doarp in tige âlde skiednis. In argeologyske fynst jout oan dat yn it tiidsspan fan 8000 - 4000 foar Kristus trije jagers al ris in kampemint hân hawwe op it plak dêr't no Bantegea leit.

Gebouwen [bewurkje seksje]

Klokkestoel fan Bantegea
  • it Rohobothtsjerkje fan Bantegea
  • It Klokhús

Mienskip [bewurkje seksje]

It sosjaal kultureel sintrum fan it doarp hjit De Pomp. In pomp wie earder yn it doarp it sintrale plak dêr't men inoar trof. It sit yn it gebou fan de eardere kristlike skoalle dy't yn 1985 mei de iepenbiere skoalle fusearre en yn in nij gebou De Reinbôge kaam. Yn 2001 hat der in grutte ferbouwing west. Yn it gebou sit ek pjutteboartersplak 't Brechje. Der binne seis buertferienings (2010): Otterwei, Middenwei Noard, Middenwei Súd, Bandsleat, Kooisleat/Wijmawei en De Kolk. De Oranjeferiening organisearret Keninginnedei en de doarpsdei yn juny. Yn de simmer wurdt de jierlikse autocross organisearre. Oan de Bandsleat sit Berneboartersparadys Bal-lorig.

Der is alle jierren in doarpsfeest. Om it jier wurdt der in Oldtimerdei hâlden.

Befolking [bewurkje seksje]

Ferienings [bewurkje seksje]

  • iisclub De Polder
  • Oranjeferiening
  • Op Nij Feriene - toaniel
  • Fuotbalferiening EBC - mei Eastersee
  • Gymnastykferiening WATS: treent op De Lemmer en yn Ychten.
  • Lady Jam (Bodyshape en Pilates)
  • The Krontjong Music Band
  • Little village dancers (country dance)

Strjitten [bewurkje seksje]

Bânsleat, Breedskar, Broekenwei, Bûtendyksfjild, Gritenijdyk, Heksleat, Jachtkamp, Klynsmafeart, Koaisleat, Master Wijmawei, Middenwei, Otterwei, Ringfeart, Skoatterdyk, Skoatteruterdiken, Skoattersyl, Woarstsleat.

Sjoch ek [bewurkje seksje]

Keppeling om utens [bewurkje seksje]