Harich

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Harich
Himrik fan  Harich
Gemeente Gaasterlân-Sleat
Gritenij Gaasterlân
Stimmen 56
Ynwenners (2004) 210
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 54' NB, 5° 33' EL
Netnûmer 0514
Postkoade 8571
Webstee {{{webstee}}}


Tsjerke fan Harich
De Wite Skuorre

Harich is in doarp yn de gemeente Gaasterlân-Sleat, noardwest fan Balk. It doarp hat likernôch 210 ynwenners (2004).

Harich wie eartiids it bestjoerlik sintrum fan Gaasterlân. De mitsele toer yn de buorren is út de 12e ieu. De tsjerke is fan 1663. Boppe de doar fan it tsjerke sit in stien dy't ferwiist nei it ynstoarten fan'e tsjerke troch in stoarm yn 1662. Oan beide kanten fan de stien stiet in earn mei in iketûke yn'e snaffel en it wapen fan Harichster Dr. Johannes Scheltinga. De Wyldemerk besuden it doarp wie eartiids in bekend merkeplak. Yn de fytiger en sechtiger jierren wie by it doarp in ambonezekamp.

Harich is fan âlds in boeredoarp dat ûntstie oan de âlde trochgeande wei fan Koudum nei Wâldsein. De wei rint op de râne fan it Gaasterlânske sân wêrtroch der hichteferskil is tusken de noard- en súdkant. De namme komt ek foar as Harg(h), Horch, Haerych en Harig, en is ôflaat fan it Germaanske Harag, dat timpel betsjut en wiisd op in âlde heidensk kultusplak by de Friezen.

Harich bestie earst út fjouwer dielen: de Westerein, de Frisbuorren, de Tsjerkebuorren en de Lorbuorren. It doarp hie earder in eigen gersdroegerij.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Doarpshûs Ons Gebouw sit yn de âlde skoalle oan de Stinsenwei. Men wenne earder 'op Harich'.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Bokkeleane, Frisbuorren, Harichsterdyk, Hillemastate, Houtdyk, It Heech, Keamerlânswei, Lorbuorren, Lykwei, Minnemastate, Stinsenwei, Trophernsterwei, Tsjerkepaad, Van der Feltzstrjitte, Warrensterwei, Welgelegen, Westerein, Wyldemerkwei.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]