Aldemardum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Aldemardum
Himrik fan  Aldemardum
Gemeente Gaasterlân-Sleat
Gritenij Gaasterlân
Stimmen 63
Ynwenners (2004) 1.330
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 51' NB, 5° 31' EL
Netnûmer 0514
Postkoade 8567
Webstee oudemirdum.nl


Aldemardum is in doarp yn de gemeente Gaasterlân-Sleat, yn de súdpunt dy't fan de gemeente yn de Iselmar stekt. It doarp hat likernôch 1.330 ynwenners. It doarp is foaral bekend om it Aldemardumer Klif en de soad toeristen.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

De namme Aldemardum wurdt foar it earst neamd yn 1329, mar de earste delsettingen bestienen al foar 850. Eartiids feroare de namme fan ‘Meretha’, yn ‘Merthen’, ‘Maerdum’, ‘Merthum’ en ‘Mirdum’ nei ‘Aldemardum’. Troch de âlde doarpskearn mei in brink docht Aldemardum wat Drintsk oan. Dy âlde doarpskearn, út de Lette Midsieuwen, bestiet út De Brink, de Tsjerke (in ryksmonumint) en de Alde Buorren. Yn de 19e ieu waard de doarpskearn útwreide mei de Jan Schotanuswei en de Tsjerkestrjitte, beide mei in pear âlde pleatsen en huzen oan beide kanten fan de dyk. Midden yn it doarp Aldemardum stiet ek doarpshûs ''t Klif'.

Loftwachttoer

[bewurkje seksje] Gea

Aldemardum leit yn Gaasterlân, wêr’t yn 2007 sa’n 20 dasseburchten yn te finen binne. Der binne ferskate ‘dassetunneltjes’ oanlein om it bist te beskermjen tsjin it ferkear. De das is ek de maskotte fan besikerssintrum ‘Mar en Klif’.

[bewurkje seksje] Gebouwen

  • Herfoarme tsjerke - mei brânskildere glês út 1700
  • Grifformearde tsjerke - út 1930
  • Loftwachttoer - De toer waard yn 1953 op de heechste heuvel fan Gaasterlân boud as útsjochpost foar it Korps Loftwachttsjinst.
Riniastate yn 1925
Riniastate yn 2009

[bewurkje seksje] Riniastate

De Riniastate leit eastlik fan Aldemardum oan de Star Numanwei. It hûs is fan 1843 nei in ûntwerp fan de Ljouwerter Stedsarsjitekt Thomas Romein yn neo-klassisistiske styl foar Geertruida Wilhelmina Godarda Johanna Rinia van Nauta (widdo Drieling). Hja wie in dochter fan Franciscus Rinia van Nauta, abbekaat foar it Hôf fan Fryslân, en Constantia Asuera fan Avenhorn. Constatia erve it bûten Avenhorn yn de Skermer fan har heit. Nei alle gedachten woe Geertruida tichtby har suske Petronella Antonia wenje, dy ‘t "Lycklama-Bosch" bewenne, in riant bûten net sa fier fan Riniastate. Har nicht Titia de Carpentier wenne op it bûten Beuckenswyk, noch in kertierke fierder rinnen oan deselde dyk. It hat in moai ynterieur, it foarste diel fan it hûs bestiet út in haadferdjipping mei in twadde ferdjipping yn’e midden. It achterste diel bestiet út trije ferdjippingen. It foarste diel hat inkele keamers en in ytseal, dy’t útsein in pear stúkplafonds, noch orizjineel binne. It park der omhinne is oanlein yn lânskipstyl en kin like âld wêze as it hûs. Riniastate wurdt no partikulier bewenne.

[bewurkje seksje] Stiennenrûte

Swerfstien fan Aldemardum

In rûte mei swerfstiennen út Skandinaavje dy ’t yn de foarlêste iistiid, 140.000 jier lyn, yn Gaasterlân komd binne. Se lizze op in soad plakken, as grins, as monumint of samar foar de pronk. Der lizze in soad op de hiemen mar der sitte noch folle mear yn de grûn. By in tweintichtal stiennen steane ûnderweis ynformaasjebuordsjes.

[bewurkje seksje] De Mergelbult

By it Aldemardumer Klif, en deirekreaaasjeterrein "De Hege Gerzen" leit miden yn in stik lân in bysûndere heuvel. Op de heuvel stean hagedoarns en wurdt yn de folksmûle "De Mergelbult" neamd. Dizze bult is oerbleaun fan de mergelwinning, dy't hjir om 1900 wie. Mergel is in mingsel fan klaai en kalk en kin as kalkdongstof brûkt wurde op lânbougrûn. It bysûndere heuveltsje is de stoartbult fan dizze graverij út ± 1900.

[bewurkje seksje] Mienskip

It dorpskrantsje hjit "It Pompeblêd"

[bewurkje seksje] Ferienings

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Ferskaat

  • Der bestiet ek in DVD oer Aldemardum. Dêrop binne in soad ynwenners út de njoggentiger jierren op te sjen. De DVD is makke by it 75-jierrich bestean fan Pleatslik Belang yn 1996. Ek bylden fan it doarp en omkriten binne der op te sjen.
  • It Aldemardumer Klif is ek de muoite wurdich. It besikerssintrum Mar en Klif jout ynformaasje oer it gea, de omjouwing en de kultuer fan it gebiet.
  • De Hege Gerzen - In populêre lokaasje foar strânleafhawwers en surfers.

[bewurkje seksje] Strjitten yn Aldemardum

Alle strjitten yn Aldemardum.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen