Riis

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Riis
Himrik fan  Riis
Gemeente Gaasterlân-Sleat
Gritenij Gaasterlân
Stimmen {{{stimmen}}}
Ynwenners (2004) 140
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 51' NB, 5° 29' EL
Netnûmer 0514
Postkoade 8572
Webstee bakhuizen.nl


Slottún Riis
Slottún Riis

Riis is in doarp yn de gemeente Gaasterlân-Sleat, oan de noardeastkant fan de Riister Bosk. It doarp hat likernôch 140 ynwenners (2004).

Riis leit oan de wei Aldemardum - Himmelum. Yn de 19e en 20e ieu groeide it plak troch ûntginning út fan buorskip ta in doarp. It wie foar dy tiid net mear as in gat ûnder Bakhuzen.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Huzinge Riis

De earste eigener fan Riis wie de aadlike famylje Galama út Koudum waans stins stie oan wat no de Smitsleane by Riis hjit. De Galama's lieten de toarre heide ta fruchtbere grûn meitsje. Letter kaam it gebiet yn hannen fan de famylje Schwartzenberg. Dy lieten in Schwartzenbergfeart (no Ryster Feart) nei Kolderwâlde grave.

Markant ûnderdiel fan Riis wie Huzinge Riis, eartiids it Slot, boud troch de hear De Ruyter de Wildt. Dêr ha wenne de familje Schwartzenberg, Jonkhear Ulbo Aylva Rengers en syn soan Lamoraal Albert Aemelius Rengers en letter de famylje Van Swinderens. It slot is yn 1937 sloopt. Inkele jieren letter wie de grûn fan It Fryske Gea. Fan 2007 oant 2010 is der in Ingelske Slottún oanlein.

Om dit hûs kaam nei 1850 mear bebouwing. Der ferriisden inkele filla's, in hotel en wenhuzen. Ien fan de meast tekenjende filla's dy't noch bestiet is it yn 1912 boude Moai Gaasterlân. Ea wie dat in bûtenhûs fan in aadlike famylje, letter waard it in bernekoloanjehûs. Tsjintwurdich is it in medysk Bernetehûs.

Neist dizze filla stiet sûnt 1947 in kapeltsje fan de Dochters fan ús Leave Frou fan it Hillige Hert. Dizze fûnen harren oarsprong yn 1882 yn Issoudun yn Frankryk. It haadkleaster foar Nederlân stiet yn Tilburch.

[bewurkje seksje] Leauwe

It kristlik leauwe kaam yn de 12e ieu nei Riis. Yn 830 stifte Odolf in kapittel yn Starum. Neidat dit yn ferval rekke waard it yn 1132 omset yn in Abdij fan Benediktinen. Dizze abdij hie ûnder oare in úthôf yn Riis. Dit wie in kapel wêryn in byld fan Marije yn Fryske klaaiinge stie. Hjirtroch waard Riis in soarte beafeartoarde. Yn 1400 waard de abdij yn Starum ferwoaste. Fyftjin jier letter begûn men mei de werbou sudlik fan Starum, mar de abt en in diel fan de muontsen hiene har yn de úthôven yn Riis en Himmelum fêstige, dêr't gjin tafersjoch wie. De Abdij waard slim teheistere troch Ige Galama en opnij ferwoastge. Yn 1495 waard se fersetten nei Himmelum.

[bewurkje seksje] Riister Bosk

Yn de Riister Bosk stiet al mear as 190 jier in Fredestimpeltsje. Dat is dêr delset doe't keizer Napoleon nei Elba ferband waard en ús lân fan dizze Frânske hearsker ferlost wie. Middenyn de bosk is no in teatertún, yn it heechseizoen wurde hjir ferskate (lytsskealige) konserten jûn en winterdeis in bysûndere krystmerk.

Oan it begjin fan de 20e ieu stie der in stienfabryk tichtby Riis. De liemgatten binne noch werom te sjen yn de stikken lân der omhinne. Yn 1916 waarden hjir in hûnderttal Belgyske húshâldings, dy't flechtsje moasten yn de Earste Wrâldkriich, ûnderbrocht.

[bewurkje seksje] Mienskip

Riis is al jierren in toeristysk plak. Der binne dan ek in oantal kempings, twa hotels, fjouwer restaurants en in attraksjeparkje dat geografysk besjoen eins ûnder Aldemardum falt. Mei Bakhuzen en Murns hat Riis ien feriening foar Doarpsbelang.

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Strjitten

De Griene Leane, Inkhuzerleane, Freule van Swinderenleane, Leise Leane, Marderleane, Mientwei, Murnserleane, Smitsleane.

[bewurkje seksje] Iepenbier Ferfier

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen