Sondel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sondel
Himrik fan  Sondel
Gemeente Gaasterlân-Sleat
Gritenij Gaasterlân
Stimmen 42
Ynwenners (2004) 390
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 52' NB, 5° 36' EL
Netnûmer 0514
Postkoade 8565
Webstee sondel.nl


Tsjerke fan Sondel

Sondel is in doarp yn de gemeente Gaasterlân-Sleat, east fan de bosken. It doarp hat likernôch 390 ynwenners (2004).

Oan de súdkant fan Sondel lizze de grutte landerijen dy't wer grinzje oan de hege seedyk wêrefter de Iselmar leit. Ten westen fan Sondel lizze de prachtige grutte Gaasterlânske bosken. Besuden leit ek it natoergebiet "de Leien".

It doarp Sondel is omstreeks 1200 - 1300 ûntstien en ûntlient syn namme oan in sânich plak by in boskje. Yn de earste geskriften wurdt it ek Sendel, Senderaland, Sindel, Syndel(l), Sonderaland, Sundel en Sûndel neamd. Yn 1429 hat der in fjildslach west by Sondel tusken Skieringers en Fetkeapers.

Yn Sondel stie ek it ferneamde slot Beuckenswyk. Hjoed de dei is dit in pleats mei twa grutte wapenstiennen út de foarrige ieuwen. De Sondeler Bil is in middenstânsbeurs foar de Súdwesthoeke dy't om de twa jier yn Sondel holden wurdt.

Yn de Twadde Wrâldoarloch wie hjir in Dútsk barakkekamp mei ôflúster- en radarapparatuer en twa militêre stellingen.

Ynhâld

Mienskip [bewurkje seksje]

It doarp hat in feriening foar Doarpsbelang dy't har gearkomsten hat yn it doarpshûs. Sûnt 2004 is der in Feestkommisje. Fjouwer kear yn't jier ferskynt it boekje Praat. De basisskoalle hjit Op'e Terp, Hummelterp is it pjutteboartersplak.

Ferienings [bewurkje seksje]

  • Bilsjongers - koar
  • De Tsjasker - toulûken

Befolking [bewurkje seksje]

Ferskaat [bewurkje seksje]

  • Oan de Noorderreed, tichtby De Bremer Wyldernis. is in selspluktún.

Iepenbier ferfier [bewurkje seksje]

Strjitten [bewurkje seksje]

Beamkamp, Beuckenswykstrjitte, Delbuursterwei, It Gaastdyk, J Boomsmastrjitte, Krúspaad, Noarderreed, Sondelerdyk, Sondelerleane, Swaaigat.

Sjoch ek [bewurkje seksje]

Keppeling om utens [bewurkje seksje]