Dolsterhuzen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Dolsterhuzen
Himrik fan  Dolsterhuzen
Gemeente Lemsterlân
Gritenij Skoatterlân
Stimmen 32 (inkl. Skoatter Uterdiken)
Ynwenners (2004) 260
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 52' NB, 5° 49' EL
Netnûmer 0513
Postkoade 8508
Webstee {{{webstee}}}


Dolsterhuzen (offisjeel Nederlânsk: Delfstrahuizen) is in doarp yn de gemeente Lemsterlân. It doarp hat likernôch 260 ynwenners. De oarspronklike kearn fan it doarp leit dêr't de dyk ticht by de Tsjûkemar rint.

Omdat oant 1984 Ychtenbrêge yn twa gemeenten lei, mei de grins troch de Pier Christiaanssleat, waard it part dat dêrfan yn Haskerlân lei ek ta Dolsterhuzen rekkene. Dy brêgebuorren foarmje no it grutste part fan Dolsterhuzen, al is de gemeentegrins yn 1984 ferdwûn.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Dolsterhuzen

By de gemeentlike weryndieling yn 1984 is Dolsterhuzen by de gemeente Lemsterlân komd. Eartiids lei it doarp yn de gemeente Haskerlân en oant 1934 yn de gemeente Skoatterlân, hokker gemeente no foar in grut part de gemeente It Hearrenfean is. Dolsterhuzen hat in lange histoarje, it leit yn in leechfeangebiet en hat in oerflak fan 1145 ha. De namme soe komme fan it Aldfryske wurd ‘delva’ wat ôfgroeven of ôfgroeven grûn betsjut. Tink hjirby ek oan dolle. De huzen oan de dolde grûn dus Dolsterhuzen.

Pier Christiaanssleat

It doarp lei yn de Sânwâlden. Dit gebiet wie yn de earste helte fan de 15e ieu ûntstien út in ferbûn fan sân dielen, nammentlik: Utingeradiel, Aenjewier, Easterseesterlân, Murderlân, Haskerlân, Skoatterlân en Doanjewerstâl. De ferfeantings dy't yn omlizzende plakken al in grutte omfang oannomd hienen, binne hjir folle letter op gong komd. Hjir en dêr wie in lyts begjin (graverijke), mar de echte ferfeanting kaam pas op gong yn de twadde helte fan de 19e ieu. It gebiet fan Dolsterhuzen hat hjirtroch in metamorfoaze ûndergien. Dat der yn Dolsterhuzen yn earder tiden in soad bosk west hat, bewize de stobben dy't by de lânûntginnenng en droechmakking fan feangatten foar it ljocht komd binne. It gebiet om Dolsterhuzen wurdt yn it easten begrinze troch de Broeresleat, ten noarden troch de Tsjûkemar, ten westen troch de Pier Christiaanssleat en ten suden troch de âlde rivier de Tsjonger. Sa kenne wy no it doarp mei oanswettend buorskip de Sânbuert. It gebiet hat syn wiidsheid behâlden, mar hat noch dúdlik de skaaimerken fan in feanpoldergebiet.

Iepenbier Ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Ferieningen[bewurkje seksje | edit source]

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Baalder, De Kampen, Kettingpaad, Marwei, Tsjongerpaad, Trekkerswei, Westerse Dyk.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]