Haskerhoarne

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Haskerhoarne
Flagge fan Haskerhoarne Wapen fan Haskerhoarne
Flagge Wapen
Lokaasje fan Haskerhoarne
Gemeente Skarsterlân
Ynwennertal (2004) 490
Webstee
Komboerd)
( 2009)
Trefpunt)

Haskerhoarne ( ek wol De Hoarne ) is in doarp yn de gemeente Skarsterlân, súdeast fan De Jouwer. Oant de gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 1984 hearde Haskerhoarne by de gemeente Haskerlân. It doarp hat likernôch 490 ynwenners (2004).

De namme soe ferwize nei nei de hoeke='horne'/'herne' fan Haskerlân It doarp lei yn de Midsieuwen ek yn de gritenij Hasker Fiifgea. De gritenij Hasker Fiifgea ûntstie yn de 15e ieu as in gearwurkingsferbân tusken de fiif tsjerkedoarpen Aldehaske, Haskerhoarne, Nijehaske, Westermar en Sniksweach.

Eartiids waard hjir ek turf stutsen. Troch it doarp ried eartiids de tram fan It Hearrenfean nei De Jouwer. Der binne gjin winkels yn it doarp, minsken geane meast te boadskipjen nei it tichtby lizzende De Jouwer

Yn 1897 waard yn it doarp in koöperative molkfabryk stifte. Dizze waard yn de jieren santich sluten. Sûnt dy tiid is der net folle wurk mar wol mear rêst yn it doarp komd, benammen ek troch it kearen fan slûpferkear troch it doarp. By de Wyldehoarnster Singel is in einekoai.

It doarp hat in begraafplak dêr't alle ynwenners begroeven wurde kinne. Ek Hotze Brouwer ligt dêr begroeven.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

It doarpshûs hjit It Trefpunt. Yn it doarp stiet ien basisskoalle: 'De Lytse Mienskip'. Sûnt it hûndertjierrich bestean fan Doarpsbelang yn 2007 hat Haskerhoarne in eigen wapen en flagge.

Ferieningen[bewurkje seksje | edit source]

  • tennisferiening
  • Trije Botsende Hoannen" - toanielferiening

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Iepenbier Ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

  • Attemaleantsje - nei de pleats fan boer Attema. Flak foar de befrijing sieten dêr wol hûndert fersetsminsken fan NBS, de Nederlânske Binnenlânske Striidkrêften
  • Biesterboschstrjitte - nei de romrofte herberch Biesterbosch fan de famylje Biesterbosch en de Biesterboskbrêge (1840)
  • Boskwei - rint lâns de Haulster Bosken
  • Flueskamp - nei in stik lân dêr't de plantelaach as in flues op it wetter driuwt. Tusken Haskerhoarne en Aldehaske lei in wetterke mei de nammen Flueske. On de noardside dêrfan lei in stik lân dat Flueskamp hiet.
  • Gravinnesingel - foarme de grins mei Westermar en rûn fan de Sewei nei it Tsjerkepaad. Namme soe ferbân hâlde kinne mei 'grave', de singel foarme it trasee fan de súdlike dyk fan de grutte polder fan 1716. Singel komt út it Latyn en hat mei 'beskermjen'te krijen. In singel is ek faak in gurdle fan beammen, dêr't in paad tuskentroch rint.
  • Haulsterdyk - rjochting Ousterhaule.
  • Hearewei - ferwiist nei in net mei namme neamde feanbaas dy't de wei oanlizze liet.
  • Hotze Brouwerstrjitte - Hotze Brouwer (1910-1945) wie in feehâlder dy't belutsen wie by wapen ferfier en -transporten yn de Twadde Wrâldoarloch. Brouwer waard febrewaris 1945 oppakt en op 17 maart 1945 as repressaile fusilearre by Dunegea.
  • Jousterdyk - fan De Jouwer oer Haskerhoarne nei It Hearrenfean. Hjir rûn eartiids de trambaan lâns.
  • Koarte Ekers - in eker is in stik boulân tusken twa greppels.
  • Lange Ekers - in eker is in stik boulân tusken twa greppels.
  • Polderdyk - nei de yn 1716 oanleine polderdyk dy't it westlike part fan de Haskerfeanpolder beslaat mei De Jouwer, Westermar en Haskerhoarne.
  • Polderboskdyk - fan de Sewei op De Jouwer nei de lannen fan Haskerhoarne.
  • Rykswei - nei Rykswei 43, It Hearrenfean-Snits, no A7
  • Tsjerkepaad - âld, net ferhurde paad nei de tsjerke.
  • Van Claerbergenstrjitte - famylje Vegelin van Claerbergen wie in laach fan boargemasters en lânhearen.
  • Wyldehoarnstersingel - namme wurdt sûnt 1685 faker neamd, wiist mooglik op wylde begroeiïng. De singel út 1903 rûn fan Haskerhoarne nei it noarden oer de Wylde Hoarne nei de Welle.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: